"Hawwe jimme in bychthokje krigen?" freget se my.
"Ne," sis ik; "it is in stilte plak. Dan kin jo je efkes werom lûke as jo dat nedich hawwe."
"O," seit se en tinkt er it harres fan. We rinne tegearre troch de tsjerke dy ferbouwd wurd.
Omrop Fryslân stelde op syn webside de fraach: 'Meditearje jo wol es en wer dogge jo dat dan?'
Der kamen ferskate reaksjes op. De iene gong te hynsteriden en de oare hie in protte baat by yoga. Wer in oarenien sei; "Jo kinne meditearje op de fyts as by de kassa as jo dochs wachtsje moatte."
Yn dizze jachtige tiid krije minsken ferlet fan rêst en stilte. Er komt hjoeddedei safolle op ùs ôf dat de hurde skiif fan ùs hiele wêzen wol es oerrint. It is net mear fansels sneintemoarns nei `t tsjerke te gean om efkes ta ùs sels te kommen.
Sport, yoga, 'Mindfulness' en mear meditaasje-mooglikheden binne derfoar yn it plak kaam.
"Sille wy ek in romte meitsje foar meditaasje?" freegje ik him.
Hy sjocht my fremd oan. Somstiden kin hy my net mear folgje...
Begripe jimme dat no?
Kringloop
Bleate fuotten
Bleate fuotten