It leanstrypke

Hjoed-de-dei  hat min it er oer om it lytsjild ôf te skaffen. Hja neame dat Cash jild, dat lytse jild. It dy my tinken oan eartiids do ik mei myn earste fertsjinne jild thus kaam. It siet yn in brùn papierenpûdsje. Der siet in hiel lang smel strypke papier yn wert ik neat fan begreep. Ien [Lês mear »]

In miening

In miening hawwe, der giet it tsjinwurdich om. Jo binne der foar as der tsjin. Der foar, dan kin jo in protte meistanners ferwachtsje. Mar der tsjin, dan moat jo bewaking organisearje. Wat is dat dochs hjoed-de-dei? We hawwe dochs yn de wet stean; “Frijheid fan mienings ùterings” mids jo der net immen mei skramje. [Lês mear »]

It paad bjuster

Fertwivele sjocht se om har hinne. Wer soe se weze?  Wy hawwe nije buorren krige. Hiel aardige minsken sa te sjen. Hy hat altyd yn de bou sitten en kin er in soart oer ferhelje. Sy is in grutte rizige frou, it moat eartiids in kreas jongfaam west hawwe. Mar se is bytiden har sels net [Lês mear »]

Ik bin in …

Frjemd, hè? Minsken freegje my faak: “Wer kom jo wei?” Steefêst sis ik; “Ût Âldeboarn.” It frjemde is: we hawwe fuort en daliks kontakt. Wat is dat dochs? freegje ik my sels ôf. Wy hawwe sechstich jier op It Fean wenne mar gek genoch telt dat net mear; der is gjin werkennen. We hawwe der [Lês mear »]

Wachtsje

Ha jo it al heard?” freget de man by de baly en leunt swier op de rollator. De telefoniste draait har mei muoite om. Se is dwaande mei har iPad. De fraach wurdt noch es herhelle. “Ha jo it al heard?” freget ‘r mei stimferheffing. “Myn frou is fannacht ferstoarn. Samar yn iens. Ik ha it [Lês mear »]

Unwennegens

Oeren kin sy troch it rùt nei bûten stoarje. Sûnt in wike is de basin ferhûze. Werom, dat begrypt sy noch net. Se hiene it sa goed mei elkoar: minske en bist . Der kaam by;  se koe eltse kat en hûn ùt de omjouwing. Der wie in dikke, grauwe reade kat mar der hat [Lês mear »]

Heite- & Memmedei

Komst efkes om in bakje?” freegje ik oan myn freondinne. “Nè,” seit se; “myn soan hat Heitedei.” “Mar dan is hy dochs thùs?” freegje ik. “Dat is`t him no. Dan wol hy dat ik him assitearje by de bern.” “Wannear hast dan wol tiid?” “Nò eiglik nea. Ûs dagen binne beset. Myn skoandochter is lùzemem wurden en [Lês mear »]

Lit him no mar "It komt wol goed my dy jonge."

Lit him no mar.” seit syn heit. De soan sil wer fleane en wol yn Colombia.

Hy is in entûsjast Paraglider. Oeral op de wrâld hat hy flein.

Yn it deistich libben is hy skipper en fertsjinnet syn brea op it wetter. Mar syn grutte hobby, dat is fleanen. Sa gau as hy kin is hy fuort. De reizen binne al fier foarút boeke.

Hy  sil no nei in lân wat in prachtige natuer hat. In lân mei bergen en in freonlike befolking.

“Hoe fynt mem dit?” freget er. Hy stiet foar my en lit grutsk syn flean tenu sjen. In grutte helm wurdt opset mei in hiel aparte bril. Mar ek in stuoltsje mei in soarte touwen, gaspen en riemen. 

“Der is in hiele grutte brêge ynstoart yn dat lân, koartlyn.” sis ik; “Der wiene hiel wat deaden en ferwûningen.”

“Der is ek noch al wat korrupsje yn it lân. En drugsoarloggen.” gean ik fierder.

“D’r is oeral wol wat op de wrâld, mem.”

Werom giet er no net nei de hunebêden fan Drinte as de ôffalbulten fan Omrin?

“Lit him no mar.” seit syn heit. “It komt wol goed my dy jonge.”


Read more

>