De wrald

Fatsoenlikens

trochPosted on 5 Comments1min read1389 views

S Sûnt in wike rin ik mei twa ynswachtele fuotten rûn , en ek noch  trije lagen wynsels.

“Jo hawwe opsette fuotten,” sei de dokter; “dat is net goed.”

Gefolch is dat gjin skoech mear past, sels myn man syn trouskuon passe net mear en dát seit wat. Eltsenien is ynt spier om foar my geskikt fuotark te finen. Ek de soan  kaam mei toffels thùs mar maat seis en fjirtich wie te grut skotten. 

En omdat ik dochs nei de apoteek moast sei ien; “Kinst wol binnentroch gean want it eazet bûten.”

Sa sein, sa dien. Skrutens tikje ik op it raam en daliks fleant er in doar iepen. In grutte frou yn in wite jas stiet poerlilk foar my.

“Jo moatte foarom!” seit se mei stimferheffing. “Ja mar,” sis ik, hiel fan it stik; “it reint en ik rin op sokken. Ik moat wol binnentroch!”

“Neat mei te krijen. Foartaan foarom. Wy ha net foar neat in foardoar.” Se gooit my de medisinen ta en ropt noch; “Hjir gjin gewoante fan meitsje, hear!”

Ik bliuw feralterearre stean. Dan mar op hoasfuotling nei hûs. Ik kom thùs as hie ik oan it sleatsje springen west.

Fatsoenlikens is ek net mear wat it ea wie. 

Waarmte

trochPosted on 2 Comments1min read1023 views

Komsto moarn by ùs te ieten?” freget se;“Ik sil pankoek bakke. Myn bern fine dat ik der hiel goed yn bin.”

Ik stean te twifeljen, ik hie oare plannen, mar in stim yn my seit: Dwaan! Do wolst er dochs tusken komme?

We hawwe ynkoartens in wylddiner. “Sille wy ùs opjaan?” freget in freondinne.

Ik stean wer yn twifel. Sil ik dat no wol dwaan? “Wat bist krye wy op it board?” freegje ik, om tiid te rekken.

Se wit it net. “It sil wol in hazze as in knyn weze.” seit se. “It kin ek in bist weze dy in moai libben hân hat yn de Sweachster bosken.”

Ik lit my oerhelje want as ik né sis freegje se my net wer fansels.

Wer in oarenien seit: “Ynkoartens wurdt hjir in konsert jûn troch de fanfare fan it doarp. Sille wy der hinne?” 

Sil ik dat wol dwaan? Ik stean wer es yn dubio. Gean! seit de oare stimme yn my; It kin no noch! It kadaster rint noch goed lyk en do kinst er noch op eigen man en boet komme. 

“Sil ik jo opjaan foar it krystdiner?” freget it frommeske en is drokdwaande mei har laptop.

“Né,” sis ik;Stientsje en ik bliuwe thùs. Wy sille it gesellich meitsje, der hoecht net ien bist foar te sneuveljen.”

Tige tank minsken, foar jimme omtinkens. It hat my troch in drege tiid hinne holpen!

Waarmte…

Yn wearde litte

trochPosted on 1 Comment1min read983 views

Se stiet flak foar my en raast wat yn myn ear.
Ik skrik sa dat ik it kopke kofje falle lit. 

“Werom raze jo sa?”  freegje ik.

“Jo binne dochs doof?” seit se.

“No, ik hear miskyn better as jo, juffer.” sis ik lichtelyk oanbrând.

In hushâldelikehelp komt de keamer yn en rint regelrjocht op myn buro ta en begjint te sykjen.

“Wat sil dat?” freegje ik.

“Ik sil efkes in ôfspraak foar jo notearje.”  seit se.

“Lit dat mar oan my oer.” sis ik noarsk en sko har oan kant.

‘Is dit no soarch?’ freegje ik mysels ôf. As seit de tabblêd dat, wert se de hiele dei op rinne te sjen?

‘It is de moderne tiid’ sizze de  bewenners dy hun er net sa drok om meitsje en it wol bêst fine.

Sa bin ik nea west. Selsstannich wêze,  dy sels rêde… dat is altyd myn slogan west.

Mar as de tiid der is sil ik ien fan de earsten wêze dy er tankber gebrûk fan meitsje sil.

Nettsjinsteande ha ik enoarme bewûndering foar al dy lju dy yn de soarch wurkje.

Dei en nacht stean se klear foar minsken dy mei it lêste eintsje fan hun libben dwaande binne. 

Mar ûndanks dat hja as folweardige meiminsken behânnelje. 

Yn har wearde litte …

Mobiele Mondzorg

trochPosted on 1 Comment1min read1166 views

Prachtich net?” sis ik tsjin myn man; “No hoech ik net mear nei myn eigen toskedokter, in doarp fierderop.”

Omdat ik juster de ferlieding net werstean koe om nùtsjes te iten, bruts er in kies ôf.

En do seach ik dy auto stean, mei grutte letters stie er op:

‘Gespecialiseerd in mondzorg voor ouderen.
Wij komen bij u thuis.’

“No,” sis ik; “we hawwe de kapper, de pedikuere en no de toskedokter oan hûs. Wat wol min noch meer?”

Ik begjin de keamer rom te meitsjen want dat minske moat earmslach ha en romte foar har apparatuer, betink ik my.

En sa sitte wy dagen yn in keale keamer te wachtsjen op de ridende toskedokter.

Mar nei in protte skiljen en mailen fan myn kant noch hieltyd gjin Mobiele Mondzorg. Al trije wike rin ik no mei in stikkene kies en doar myn mûle net iepen te dwaan as te laitsjen.

Nei it safolste besykjen skilje ik myn eigen toskedokter en doch skrutend myn ferhaal. “Kom maar meteen.” seit er.

En sa bin ik wer by myn eigen betroude toskedokter telâne kaam dy elke kies as tosk fan my wol dreame kin.

Gjin pine mûle mear en it ynterieur stiet er wer kreas by.

Mobiele Mondzorg. Ja, ja.

“Iet lekker…”

trochPosted on 4 Comments1min read1368 views

Eet lekker!” ropt se en set it ieten op tafel, eltse middei wer.

Hiel freonlik hear, mar werom seit se it altyd yn it Hollânsk freegje ik my ôf. Oant ik it op in kear it net litte kin en freegje werom se dat sa seit.

“Doch ik dat?” seit se en sjocht my net begripend oan.

“Jo binne dochs in Friezinne.” sis ik.

“Ik bin trouwd mei in Hollânner en no praat ik twa talen trochinoar.” seit se.

“Goedenmorgen.” seit in oaren ien eltse moarn. “Goeiemoarn.” sis ik dan werom.

Hoe kin dat no? freegje ik my ôf. It binne hjir hast allegearre Friezen en werom ferbrekke se hun dan? Ha wy somstiden muoite mei ùs taal yn it deistige ferkear yn de deistige omgong meielkoar?

Ek yn de pleatselike supermerk praat it personiel Hollânsk tsjin de klant mar underling Frysk. Soene se eangstich weze on klandyzje te ferlizen?

Ik nim my foar om der op subtile wize sûnder twang as argewaasje wat oan te dwaan. 

“Net oerdriuwe hear.” seit de soan; “Dat wurket oarsom as op `t hynder sitte.”

“Iet lekker!”

Holland-Amerika Lijn

trochPosted on 1 Comment1min read1613 views

Mannestimmen fan in shantykoor sjonge oer fiskers dy hun libben lieten op sé. De seal is ofladen en mannichien sjongt mei, kin min de tekst net dan nùndert min gewoan mei.

Neist my sit in kreaze steatige frou -al op leeftyd- se hat wat oer har wat myn oandacht lûkt. Sy sjongt net mei mar stoarret nei it programma.

Se draacht in trainingspak mei in grut embleem fan de “Holland-Amerika” der op.

Dat is men hjir net went fan in frou fan dy âldens. Der moat ik mear fan witte en freegje; “Heeft u gevaren?”

En dan begjint se seft te praten om net te steuren. Se wie frij faam en hie jierren lang hostess west op it grutte ferneamde skip.

En sa befarre wy tegearre de wrâld en ferjitte alles om ùs hinne.

“Nea de leafde fûn?” freegje ik. “Nee,” seit se; “het schip was mijn grote liefde.”

“Velen hebben een prachtige wereldreis gemaakt en daar mocht ik aan mee werken.” seit se mei in glimke.

Ik gean nei hûs, yn gedachten by de hostess fan de Holland-Amerika Lijn.

Krystbeam

trochPosted on 1 Comment1min read1377 views
Foto troch Les Anderson fan Unsplash
By de buorren has se -no ja, de bern dan- de krystbeam optuge. It is in middelgrutte beam.

By myn broer stiet mids yn de keamer in flinke fersierde beam, prachtich oanklaaid mei alles der op en oan.

“Moai, hear.” sis ik, en mien it ek.

En sa moat ik dizze dagen in soart fersierde beamen bewûnderje.

Wy dogge der net oan mei, wy hawwe al jierren gjin krystbeam. ‘Fremd’ sille jimme sizze.

Ik bin es by mysels te ride gong, wer dat wei komt, dat anty-krystbeam gefoel.

Ik kom ùt in tiid dat de sufeldirekteur, de dokter en de notaris in grutte beam yn de tûn hiene.

En dan stie er ek noch in enoarme beam yn de Herfoarme Tsjerke, der waarden wy as bern stil fan.

Thùs makke ùs mem it gesellich. We dronken sjûkelarjemolke, krigen sûkerbôle en spilen “Mens erger je niet”.

Nei myn gefoel ha wy neat mist en dochs hat dat it begjin fêst west fan de aferzje tsjin krystbeamen, betink ik my.

Mar ik moat sizze; ik fyn it prachtich yn dizze donkere tiid al dy ljochtsjes en fersierde beamen.

“Komme jo efkes?” ropt in âld minske; “Hy stiet er, hear!”

Ach ja… krystbeamen.

Can I help you?

trochPosted on 1 Comment1min read1081 views
Foto troch Quino Al fan Unsplash
Can I help you?” freget in sympatike stem troch de telefoan. It is noch betiid en ik bin noch net op dreef.

Ik bin oan it skûtelwaskjen en freegje my ôf hoe hy wit wat ik no oan it dwaan bin.

De stim giet fierder yn perfeckt Ingelsk. “You are hacked.” seit hy.

“Wa binne jo?” freegje ik yn myn beste Frysk-Ingelsk want wa hat sa betiid syn talen by de hân?

“I can help you.” giet er fierder.

“Wer mei?” sis ik, yn gedachten noch by it skûtelwaskjen.

It komt hjir op del, begryp ik; myn kompjûter wurdt ynbrutsen en hy kin my derby helpe.

“Wa bin jo?” freegje ik mar wer. “I can help you.” seit er noch es behelpsem; “I am from Microsoft, Amsterdam.”

“I am Wokke, from Leppehiem.” sis ik, senuweftich.

Paniekerich begjin ik alfêst te sykjen; wer is dat ferrekte wachtwurd no ek alwer?

“Wait in momint.” sis ik, en ha dan efkes de tiid om mysels byelkoar te swyljen .

Ynienen yn in flits sjoch ik wert ik mei dwaande bin en smyt de hoarn er op.

“Mem hat dochs net har wachtwurd as rekkennûmer jûn, wol?” fregetde soan ûngerêst.

“Nè, jonge.” sis ik. “Lokkich is it kadaster fan jimme mem noch wól aardich goed.”

Can I help you.

Tss.

It leanstrypke

trochPosted on 3 Comments1min read1135 views
Foto troch Fabian Blank fan Unsplash

Hjoed-de-dei  hat min it er oer om it lytsjild ôf te skaffen.

Hja neame dat Cash jild, dat lytse jild.

It dy my tinken oan eartiids do ik mei myn earste fertsjinne jild thus kaam. It siet yn in brùn papierenpûdsje.

Der siet in hiel lang smel strypke papier yn wert ik neat fan begreep. Ien sifer seach ik dalik stean; it lêste, underoan.

Der gong fan alles ôf en alles wat er fan oerbleun wie dan foar my.

Op in kear, do ik it strypke wer es beseach tocht ik dat de boekhâlder him fersint hie; der stie trije gûne tefolle op.

De man sei, nei dat ik him it ùtlein hie; “Do hast opslach krige.”

Do wurdst wurdearre.” sei ùs heit; “Meist de baas wol betankje.”

En sa gong it troch de tiden hinne. It strypke is er allang net mear. Sinten, healtsjes en stuorkes binne ùt de tiid.

De stiene bargen binne kapot smiten en de sparbankboekjes opburgen yn alde skuon doazen.

Foarby dy tiid….

Tiden hawwe tiden.

In miening

trochPosted on 2 Comments1min read969 views
Foto troch Echo Grid fan Unsplash
In miening hawwe, der giet it tsjinwurdich om.

Jo binne der foar as der tsjin. Der foar, dan kin jo in protte meistanners ferwachtsje.

Mar der tsjin, dan moat jo bewaking organisearje.

Wat is dat dochs hjoed-de-dei?

We hawwe dochs yn de wet stean; “Frijheid fan mienings ùterings” mids jo der net immen mei skramje.

Wêrom moatte wy allegearre it selde tinke?

We sitte allegearre yn in oare situaasje, sa as it libben it ùs brocht hat.

Dreech as komfertabel, it kin sa mar barre.

Mar dochs om in oar syn miening te dielen, kinne jo heechst begryp toane.

Mar hâld fêst oan dy sels, hâld dy net stil, kom er foar ùt, wat it ek wêze mei.

Mar ha wol in earlike miening en lit dy net yntimidearje as oer dy hinne waltse.

It is dyn miening.