Lit him no mar.” seit syn heit. De soan sil wer fleane en wol yn Colombia.
Hy is in entûsjast Paraglider. Oeral op de wrâld hat hy flein.
Yn it deistich libben is hy skipper en fertsjinnet syn brea op it wetter. Mar syn grutte hobby, dat is fleanen. Sa gau as hy kin is hy fuort. De reizen binne al fier foarút boeke.
Hy sil no nei in lân wat in prachtige natuer hat. In lân mei bergen en in freonlike befolking.
“Hoe fynt mem dit?” freget er. Hy stiet foar my en lit grutsk syn flean tenu sjen. In grutte helm wurdt opset mei in hiel aparte bril. Mar ek in stuoltsje mei in soarte touwen, gaspen en riemen.
“Der is in hiele grutte brêge ynstoart yn dat lân, koartlyn.” sis ik; “Der wiene hiel wat deaden en ferwûningen.”
“Der is ek noch al wat korrupsje yn it lân. En drugsoarloggen.” gean ik fierder.
“D’r is oeral wol wat op de wrâld, mem.”
Werom giet er no net nei de hunebêden fan Drinte as de ôffalbulten fan Omrin?
“Lit him no mar.” seit syn heit. “It komt wol goed my dy jonge.”