Polityk Rêstich oan, froulju...

Wat in ûnwierskynlik nuvere man, dy Trump, net?’ freget se fûleindich oan it klupke froulju foar har.

We binne oan it kofjedrinken, troch de tiid hinne hat elk syn eigen plakje fûn. As er ien op in ferkearde stoel sitten giet, wurdt er wat fan sein. Yn it begjin ha ik my as bûtensteander der tsjin fersetten; gjin fêste plakken wol? Ik moast belies jaan, eltse moarn sykje se hun eigen maat op. Oan de oare kant; it jout wat fêstichheid fansels.

We hawwe it earst oer it waar, dat de winters net mear sa binne as eartiids. Ferskate lju ha de alve stêdetocht riden as min hja leauwe meie. It binne sterke ferhalen; troch de jierren hinne binne se mânsker wurden.

‘Wat fine jimme fan dy Trump?‘ ropt se noch es lûd. Se wol dúdlik oandacht. Har soan wennet yn Amearika, dêrfandinne dy ‘obsessy’ foar dy Trump.

‘Jou my mar Drees.’ seit in lyts wyfke, se komt amper boppe de tafel út. Yn ienen is er oandacht, se begjinne trochinoar hinne te praten. Immen slacht mei it kopke op de tafel. ‘Troch him kinne wy hjir wenje en net yn in earmhûs.’ seit se.

It is stil wurden, elk giet wer nei syn eigen stee.

Polityk …

Read more

Wer sille jo hinne?

Wer gean jo mei de Krystdagen hinne?”  freget immen oan frou Dykstra.  Ik wiet, se hat in grut gesin hân, sa no en dan sjoch ik ien fan dy bern by har op besite. Mar it rint net stoarm, ek sy hawwe hun eigen wrâld kreëarre en der post warskynlik grif gjin minske fan hûnderd yn. [Lês mear »]

Fatsoenlikens

S Sûnt in wike rin ik mei twa ynswachtele fuotten rûn , en ek noch  trije lagen wynsels. “Jo hawwe opsette fuotten,” sei de dokter; “dat is net goed.” Gefolch is dat gjin skoech mear past, sels myn man syn trouskuon passe net mear en dát seit wat. Eltsenien is ynt spier om foar my geskikt [Lês mear »]

Waarmte

Komsto moarn by ùs te ieten?” freget se;“Ik sil pankoek bakke. Myn bern fine dat ik der hiel goed yn bin.” Ik stean te twifeljen, ik hie oare plannen, mar in stim yn my seit: Dwaan! Do wolst er dochs tusken komme? We hawwe ynkoartens in wylddiner. “Sille wy ùs opjaan?” freget in freondinne. Ik [Lês mear »]

Yn wearde litte

Se stiet flak foar my en raast wat yn myn ear. Ik skrik sa dat ik it kopke kofje falle lit.  “Werom raze jo sa?”  freegje ik. “Jo binne dochs doof?” seit se. “No, ik hear miskyn better as jo, juffer.” sis ik lichtelyk oanbrând. In hushâldelikehelp komt de keamer yn en rint regelrjocht op [Lês mear »]

Mobiele Mondzorg

Prachtich net?” sis ik tsjin myn man; “No hoech ik net mear nei myn eigen toskedokter, in doarp fierderop.”

Omdat ik juster de ferlieding net werstean koe om nùtsjes te iten, bruts er in kies ôf.

En do seach ik dy auto stean, mei grutte letters stie er op:

‘Gespecialiseerd in mondzorg voor ouderen.
Wij komen bij u thuis.’

“No,” sis ik; “we hawwe de kapper, de pedikuere en no de toskedokter oan hûs. Wat wol min noch meer?”

Ik begjin de keamer rom te meitsjen want dat minske moat earmslach ha en romte foar har apparatuer, betink ik my.

En sa sitte wy dagen yn in keale keamer te wachtsjen op de ridende toskedokter.

Mar nei in protte skiljen en mailen fan myn kant noch hieltyd gjin Mobiele Mondzorg. Al trije wike rin ik no mei in stikkene kies en doar myn mûle net iepen te dwaan as te laitsjen.

Nei it safolste besykjen skilje ik myn eigen toskedokter en doch skrutend myn ferhaal. “Kom maar meteen.” seit er.

En sa bin ik wer by myn eigen betroude toskedokter telâne kaam dy elke kies as tosk fan my wol dreame kin.

Gjin pine mûle mear en it ynterieur stiet er wer kreas by.

Mobiele Mondzorg. Ja, ja.

Read more

“Iet lekker…”

Eet lekker!” ropt se en set it ieten op tafel, eltse middei wer.

Hiel freonlik hear, mar werom seit se it altyd yn it Hollânsk freegje ik my ôf. Oant ik it op in kear it net litte kin en freegje werom se dat sa seit.

“Doch ik dat?” seit se en sjocht my net begripend oan.

“Jo binne dochs in Friezinne.” sis ik.

“Ik bin trouwd mei in Hollânner en no praat ik twa talen trochinoar.” seit se.

“Goedenmorgen.” seit in oaren ien eltse moarn. “Goeiemoarn.” sis ik dan werom.

Hoe kin dat no? freegje ik my ôf. It binne hjir hast allegearre Friezen en werom ferbrekke se hun dan? Ha wy somstiden muoite mei ùs taal yn it deistige ferkear yn de deistige omgong meielkoar?

Ek yn de pleatselike supermerk praat it personiel Hollânsk tsjin de klant mar underling Frysk. Soene se eangstich weze on klandyzje te ferlizen?

Ik nim my foar om der op subtile wize sûnder twang as argewaasje wat oan te dwaan. 

“Net oerdriuwe hear.” seit de soan; “Dat wurket oarsom as op `t hynder sitte.”

“Iet lekker!”

Read more

Holland-Amerika Lijn

Mannestimmen fan in shantykoor sjonge oer fiskers dy hun libben lieten op sé. De seal is ofladen en mannichien sjongt mei, kin min de tekst net dan nùndert min gewoan mei. Neist my sit in kreaze steatige frou -al op leeftyd- se hat wat oer har wat myn oandacht lûkt. Sy sjongt net mei mar stoarret nei it [Lês mear »]

Krystbeam

By de buorren has se -no ja, de bern dan- de krystbeam optuge. It is in middelgrutte beam. By myn broer stiet mids yn de keamer in flinke fersierde beam, prachtich oanklaaid mei alles der op en oan. “Moai, hear.” sis ik, en mien it ek. En sa moat ik dizze dagen in soart fersierde [Lês mear »]

Can I help you?

Can I help you?” freget in sympatike stem troch de telefoan. It is noch betiid en ik bin noch net op dreef. Ik bin oan it skûtelwaskjen en freegje my ôf hoe hy wit wat ik no oan it dwaan bin. De stim giet fierder yn perfeckt Ingelsk. “You are hacked.” seit hy. “Wa binne jo?” [Lês mear »]

>