De wrald

De taal fan it hert

troch Posted on 3 Comments 0 min read 543 views

Tiden hawwe tiden', sa hjit myn blog. Skreun fansels yn myn memmetaal. In jier as acht allyn bin ik der troch in trystich barren mei begong.

De jongste soan kaam er mei. It like my yn earste ynstânsje op fleanen, Wat soe ik te melden hawwe? Wa soe no op my sitte te wachtsjen?

Om dat ik him net ôffalle woe bin ik er mei in protte stinnen en pûsten mei begong. En no kin ik er net mear sûnder.

Myn each is skerper wurden foar detail. Ik sjoch mear om my hinne. En it allerbelangrykste  binne de reaksjes op de stikjes .

De lju komme ùt alle hoeken fan de wrâld.

Om mar in pear te neamen: India,  Bolivia,  Frankryk, Amerika en noch folle mear lânnen.

Want Friezen sitte oer de hiele wrâld ferspraat.

Somstiden bin ik der oandien fan. Dan lês ik de ûnwennichte nei it heitelân.

Ik wit wol de kreft fan de stikjes lizze net oan de ynhâld mar leit oan de memmetaal. It is de taal fan thùs fan heit en mem.

In man ùt Burgum dy al 30 jier yn Ohio wennet ha ik troch myn blog kunde mei krige. Hy fynt it prachtich om op de hichte te bliuwen fan syn heitelân.

Ek yn ùs lân komme nijskirrige reaksjes. In frommeske frege as sij se foar lêze mocht yn it fersoargingshûs.

Ensafuorthinne.

Ach, wat is no moaier om dy yn dyn memmetaal fersteanber en fielber te meitsjen?
Dat is de taal fan it hert.


It paad bjuster

troch Posted on 1 Comment 1 min read 500 views
Foto: Jeff van der Wees (Flickr)

 

De telefoan giet en in wanhopige stim seit;"Kinst efkes komme? Hy is wer fuortrûn."

Myn freondinne hat it dreech; har man hat Alzheimer.

Trochstrings giet it goed en dan ha se it noch hiel goed tegearre. Mar der moat net wat ungewoans barre, dan is hy der ôf.

"Kinne jo it noch wol folhâlde?" freegje de helpferliners. "Jawol hear." seit se. Mar se wit dat se terrein ferliest.

Se wol net tajaan. Se hawwe mekoar dochs ienkear belove om oant de dea ta foar elkoar te soargjen.

Myn freondinne hat de jas al oan. "Wer geane wy hinne?" freegje ik har.

"Hy hat it hieltijd oer it hûs fan de soan. Dy hat ark fan him liend, seit er."

"Ja, mar," sis ik; "dat is wol in hiel ein rinnen. Soe hy dat wol dwaan kinne?"

"As hy wat yn de kop hat, dan giet it troch." seit se. Jo kinne prate as Brugman mar hy set troch.

Wy splitse ùs; sy de iene en ik de oare kant ùt. Mar nergens in man op in bankje mei in rollater.

"Hy hie it ek oer in brilleman." seit se. "Hy sjocht net mear sa goed mar tinkt dat er noch best in bril foar him te krijen is."

We rinne en rinne, freegje minsken dy wy underweis tsjinkomme as se ek in fertieze man sjoen hawwe. Stadichoan krij ik myn nocht, ik bin ek de jongste net mear.

Mar dan stoppet er in plysjeauto neist ùs.

Efter yn de auto sit in man entûsjast te wiuwen. Bliid stapt hy ùt en seit ferwitend tsjin ùs; "Wer wiene jim? We ha  alles om jimme ofsocht."

"Hâld him goed yn `e gaten." sizze de plysjes en draaie it raamke omheech.

It paad bjuster ...

Oantinkens

troch Posted on 1 Comment 1 min read 571 views

In âlde man rint mei in lyts famke oan `e hân troch it doarp. Se sille nei`t tsjerke ta. Se hawwe alle tiid, it is ier op 'e middei.

Se is bliid. Se kriget altiid in pipermuntsje fan him mar net ien, somstiden wol in hân fol.

Dizze middei wie it oars.

"Ik ha wat foar dy." seit er. "Wat ik dy jou moast styf yn de hân hâlde. Meist net earder sjen as wannear ik it sis."

De preek sil begjinne, it sjongen en it lange gebed binne einlik achter de rech.

Yn spanning wachtet it famke op in teken fan de man. Dan knikt hy. Se docht de hân iepen en moat hast oerjaan.

Der leit in grutte wiete prom tabak yn de komme fan har hân. De man neist har proest it ùt en snùt oerdiedich syn noas. Dat wie de lêste kear dat se mei him nei `t tsjerke gong.

In protte oantinkens komme by my boppe as ik langs it lytse grifformearde tsjerkje gean. De boeren dy samar gongen stean ûnder de preek omdat se oars yn sliepfoelen. De jonge mannen dy hals oer de kop de tsjerke ùt flechten, it lân yn. Unfersteurber gong de dominy fierder mei syn preek as wie er neat oan 'e hân.

Ek mocht ik der dope wurde tagelyk mei mear lytse poppen ùt it doarp.

It binne dierbre oantinkens, dy oan de woartels lizze fan myn bestean.

Wer wiene se....

troch Posted on 1 Comment 1 min read 442 views

"Wat wiene der in protte  minsken net?" seit se.

Se hie har man al jierren allyn ferlen mar hjoed is hy te hôf brocht op it tsjerkhôf fan syn bertedoarp.

Al in skoft fernaam se dat it net mear wie sa as it altyd west hie. Hy begryp  har net mear. Se hiene altyd mar in heal wurd nedich, somstiden in knypeachje.

Hja wiene ien fan geast, tochten oer ferskate dingen ferskillend. Mar dochs kamen se altyd wer byinoar. Hja hiene beide in hiele oare eftergrûn mar respektearren elkoar. Want se hâlden ommers fan inoar.

Hy kaam altyd foar har op en sy foar him, somstiden wiene se it net mei inoar iens.

Mar de lêste tiid kamen der wurden en argewaasjes. Sy fersette har der tsjin. Woe dat net, se hiene it dochs altyd goed hân?

Se begon de djipgeande petearen te mijen en hâld it by opperflakkich praat. De freonen bleuen wei, se waard iensum. En do kaam er unferwachts it ein.

"Wat wiene der in protte minsken net?" seit se.

"Mar wer wiene se do ik harren it hurdst nedich hie ...?

De foarùtgong

troch Posted on 1 Comment 1 min read 451 views

Ik gean neist de man sitten. Ferfeeld sjocht hy om him hinne. Fierder op stean noch mear minsken te wachtsjen.

Omdat yn it bankwêzen besunige wurd is er mar ien frommeske oanwêzich. Hja docht har best mar de measte lju hawwe djipgeande fragen en dat kost tiid.

"Nuver," seit de man neist my; "dizze strjitte stie net iens op myn TomTom. Is dit in nije strjitte?"

"Dy wie er al, fier foar dat jo en ik it deiljocht seagen." sis ik.

"We kinne better dizze bank oerfalle, dat giet al hurder." seit er.

Stadichoan begjint it petear ynhâld te krijen. Fan de ferkiezingen gean wy nei it wrâldbarren.

"It leit er hjoed-de-dei mar fremd hinne. Myn frou en ik binne bliid dat ùs bern folwoeksen binne en de doar ùt. Mei de drank en de drugs is it ek net alles as jo opgroeiende bern hawwe." seit er mei in sucht.

"Mar it is ek in fantastyske tiid." sis ik. Ik bin bliid dat ik dat noch meimeitsje mei. "Wy kinne ynternetbankiere, we hawwe telefyszje, jo je TomTom." Ik begjin op te somjen.

"No, der doch ik allegearre net oan mei." seit er; "Dat soart dingen lit ik oan myn frou oer."

"Komst efkes?" hear ik in frou roppen; "Do moast dyn hantekening sette."

"Ferjit aansen net jo TomTom oan te setten." rop ik him nei. De hân giet omheech.

De foarùtgong.

Foltôge libben

troch Posted on 1 Comment 1 min read 491 views
Bron: Shut in - Flickr (Creative Commons)
We sille sneon te middei byinoar komme. Ùs mem wol net mear fierder libje. Ik hie wol troch dat it slim mei har wie mar dat it sa wie, dat wist ik net." seit se fertrietlik.

Myn freondinne hat it er dreech mei.

Hjoed-de-dei kin min it mei de dokter en de minsken om jo hinne oerlizze. It bliuwt dreech, leauw dat mar. It binne beslùten dy net werom te draaien binne.

Ik bin by in freon op besite. Hy hat nei seis jier kanker de striid op jûn. Wit hoefolle chemokueren hat hy undergien. Nei eltse kontrôle krige hy goeie berjochten. Hie hy wer hoop en siet er wer fol mei plannen.

Dan seach ik him wer sa as hy eartiids wie; in rizige kreaze fint mei in grut bosk hier. We hâlden hoop dochs moasten wy him okkerdeis loslitte.

'Wat is in foltôge libben'? freegje ik my ôf.

We kinne er allinnich mar mei respekt oer hawwe!

Foltôge libben.

Grouwens

troch Posted on 1 Comment 1 min read 494 views

Myn buorfrou komt efkes lâns. Docht se wol faker. It kin moarnsier as op `e neimiddei wêze.

Yn `e fierte hear ik ha al oan kommen. Eltse sin wurdt bekrachtige mei in grouw wurd, faaks mei in flokwurd.

Fersichtich ha ik har der al es op attindearre. In skofke gong it goed, mar do wie it wer raak.

"Gelske," sis ik; "wêrom flokst sto sa?"

"Doch ik dat?" seit se fernuvere. "Ja," sis ik; "hast sto befestiging nedich foar was sto seist?"

"Do bist kristelik, hè?" seit se; "Ik sil er rekken mei hâlde."

"Dat is it net allinnich." sis ik; "mar it hat ek mei noarms en wearden te krijen."

In pear dagen ha wy har net sjoen. 'Se hat it har oanlutsen', tink ik.

Nuveraardich mis ik har. Ha ik dochs tè rjochtstreeks west, freegje ik my ôf. It is in best minske, se stiet altyd foar elkenien klear.

Ik sit er oer yn. Soe it wol wer goed komme tusken ùs? Mar dan op in moarn hear ik ha al ùt de fierte oankommen, al flokkend op it winterske waar.

"Kom er mar gau yn." sis ik; "De kofje is brùn."

Grouwens.

Mankelikens

troch Posted on 2 Comments 1 min read 503 views

Ik stean foar `t rùt, er hinget in dikke mist. De strjitten lizze er ferlitten by. It is stil, de measte lju hawwe tusken de feestdagen frij naam.

Sokke dagen komt de bedriuwichheid let op gong. As it no de mist is as it ferlittende ùtsicht der oerfalt my in gefoel fan mankelikens.

'Wat is dat dochs?' freegje ik my sels ôf; 'Dat ik san hekel ha oan de dagen tusken Kryst en Âld & Nij? It binne lege dagen, sûnder betsjuttng.'

De krystbeam sjocht my ferwitend oan as ik him begjin ut te kleien. Ik praat tsjin him en liz ùt werom. "Omdat ik my sa fiel." sis ik; "Der past gjin oerdied fan ljocht by." 

Ik gean op `e grûn sitten om de lêste slingers dr ùt te plùzjen. Wylts de beam stadich oan untmantele wurd, geane myn tinzen werom.

Myn suster dy hommels weirekke en goekunde dy wy misse moasten. Ik wit wol: it wiene minsken fan âldens mar sommige litte in leech plak achter. Ùs hûn dy wy nei sântsjen jier mei in protte triennen bedobbe hawwe.

Ik sjoch nei bûten: de sinne wrakselet him in paad troch mist flarden hinne.

Ynienen tink ik; 'Dat moast sto dochs èk kinne.' en rjochtsje myn rêch ...

Mankelikens ...

Wer geane jimme hinne mei de Kryst?

troch Posted on 1 Comment 1 min read 474 views

Wer geane jimme hinne mei de Kryst?" freget it jonkje. Se sitte mei hun fjouweren op it skoalhek. Se ferfele hun in bytsje.

"Wer geane jimme hinne mei de Kryst" seit it jonkje noch in kear. 'It is no ùs mem har beurt." giet er fierder; "Mar ik ha der gjin nocht oan. Ik mei dy frou net dy it plak fan myn heit ynnaam hat." 

In oare jonge falt him by; "Ik moat nei myn heit en syn freon, net in rare fint hear, hy docht syn best om it my nei 't sin te meitsjen." 

De tredde jonge seit: "Wy sille meielkoar Kryst fiere en dan komme al dy bern ek fan dy oare lju."

"Mar," seit de fjirde jonge; "dat is dochs moai, safolle minsken. Ik bin allinnich mei myn mem. Mar wa komme er dan allegearre?" giet er fjirder; "En kinne se wat meielkoar opsjitte?" 

"Sokke dagen wol," seit er; "elts docht syn best om it gesellich te hawwen. Mar as ik by heit bin, dan moat ik oan ùs mem tinke."

"En ik oan ùs heit..." falt him ien by.

It is net sa maklik mear hjoed-de-dei. Eartyds hiene jo ien heit en ien mem. Dat gong ek net altyd goed mar dochs hoegden jo as bern net te kiezen.

Wer geane jimme hinne mei de Kryst?

It toatsje

troch Posted on 1 Comment 0 min read 449 views


tubJan Terlouw hat wat sein yn 'De Wereld Draait Door' by Matthijs van Nieuwkerk. En as Jan Terlouw wat seit, dan moat jo wol efkes ophâlde wert jo mei dwaande binne.

Mar dizze kear wie it oars; hy hie it no es net oer syn boeken mar oer de moraal fan hjoed-de-dei. Hy bedoelde er mei dat it fertrouwen yn de minske foart is.

Wy fertrouwe elkoar net mear.

As metafoar neamde hy it touwtsje ùt de brievebus fan eartiids. By ùs stie de efterdoar altyd iepen sa as by eltsenien  

Eltse jûn wurdt by ùs it thûnhek mei in swier slot ticht dien. Ek nei achten dogge wy de doar net mear iepen. Foar en achter hûs binne flits lampen kaam dy geregeld oan geane as ùs kat er lâns giet.

'Moat it no sa?' tink ik dan by mysels.

Ik langje wer nei de tiid fan do ik lyts wie. Do ùs mem it jild yn it flesserek by de dyk sette en Jeen it wiksel jild wêrom lei.

Wannear soe dat fertrouwen yn elkoar wêrom komme?

As binne dy tiden foargoed foarby?

Mar hoe de tiden ek feroarje meie, ik bliuw leauwen yn it toutsje. It toutsje dat minsken meielkoar ferbynt, wat foar kleur, ras as leauwen dan ek.