Wer sille jo hinne?

Wer gean jo mei de Krystdagen hinne?”  freget immen oan frou Dykstra

Ik wiet, se hat in grut gesin hân, sa no en dan sjoch ik ien fan dy bern by har op besite. Mar it rint net stoarm, ek sy hawwe hun eigen wrâld kreëarre en der post warskynlik grif gjin minske fan hûnderd yn.

Yn It Fermidden, tidens it kofje drinken, gean de petearen faaks oer de kommende feestdagen. “Wer sille jo hinne?” wurdt gauris frege. Stadichoan wurdt it in wedstrydsje; wa giet fuort en wa net.

Ik bin nijskirrich wurden wert dizze minsken uteinlik de krystdagen troch bringe sille.

“Jo geane nei de wintersport.” sis ik tsjin myn buorfrou, se hat in readbonte trui oan mei wite hertenkoppen  der op.

“Ne,” seit se; “dy trui ha ik krige fan myn beppesizzer. Hja wenje yn Kanada”. “No, wat moai.” sis ik.

“We hawwe alle dagen kontakt.” giet se fjirder; “Troch Skype. Hjir yn it doarp wennet ek in soan, mar der wiet ik minder fan ôf as de soan fan de oare kant fan de wrâld.”

Alle war wurdt  dien yn dizze Mienskip om it de bewenners nei it sin temeitsjen. Oerâl is it fersierd, yn elk donker hoekje stiet in prachtige krystbeam; alles om de bewenners it waarme hùslike gefoel tejaan wat se misse. 

De unwennegens sil bliuwe, litte wy mar in iepen ear hawwe foar hun ferhalen fan eartiids. 

En? Wer sille jo hinne? 

Abonnearje
Notify of
guest
4 Comments
Âldste
Nijste
Binance代码

Thank you for your sharing. I am worried that I lack creative ideas. It is your article that makes me full of hope. Thank you. But, I have a question, can you help me? https://www.binance.bh/futures/ref?code=MBLCVVZG

bir binance hesabi acin

Thanks for sharing. I read many of your blog posts, cool, your blog is very good.

plus777asiadownload

The app download was quick and the installation was seamless. Now I can play on the go whenever I want. Such a convenient setup. plus777asiadownload

krsos888

Really impressed with the variety of games here. It feels very secure and the bonuses are actually generous. Big thanks to krsos888.

4
0
Would love your thoughts, please comment.x