Wat in ûnwierskynlik nuvere man, dy Trump, net?’ freget se fûleindich oan it klupke froulju foar har.
We binne oan it kofjedrinken, troch de tiid hinne hat elk syn eigen plakje fûn. As er ien op in ferkearde stoel sitten giet, wurdt er wat fan sein. Yn it begjin ha ik my as bûtensteander der tsjin fersetten; gjin fêste plakken wol? Ik moast belies jaan, eltse moarn sykje se hun eigen maat op. Oan de oare kant; it jout wat fêstichheid fansels.
We hawwe it earst oer it waar, dat de winters net mear sa binne as eartiids. Ferskate lju ha de alve stêdetocht riden as min hja leauwe meie. It binne sterke ferhalen; troch de jierren hinne binne se mânsker wurden.
‘Wat fine jimme fan dy Trump?‘ ropt se noch es lûd. Se wol dúdlik oandacht. Har soan wennet yn Amearika, dêrfandinne dy ‘obsessy’ foar dy Trump.
‘Jou my mar Drees.’ seit in lyts wyfke, se komt amper boppe de tafel út. Yn ienen is er oandacht, se begjinne trochinoar hinne te praten. Immen slacht mei it kopke op de tafel. ‘Troch him kinne wy hjir wenje en net yn in earmhûs.’ seit se.
It is stil wurden, elk giet wer nei syn eigen stee.
Polityk …