Polityk

troch Posted on 0 Comments 1 min read 118 views


Wat in rotstreek fan dy Trump net, om mei raketten te smiten!” ropt se fûleindich. 

We binne oan it kofjedrinken, troch de tiid hinne hat elk syn eigen plakje fûn. As er ien op in ferkearde stoel sitten giet wurdt er wat fan sein. 

Yn it begjin ha ik my as bûtensteander der tsjin fersetten; gjin fêste plakken wol? Ik moast belies jaan, eltse moarn sykje se hun eigen maat op. It jout wat fêstichheid fansels, 

We hawwe it earst oer it waar, dat de winters net mear sa binne as eartiids. Ferskate lju ha de elfstêddentocht riden as min hja leauwe meie. It binne sterke ferhalen; troch de jierren hinne binne se mânsker wurden.

“Wat fine jimme fan dy Trump?” ropt se noch es lûd. Se wol dudlik oandacht.

Har soan wennet yn America, fondêr de ‘affeksje’ foar Trump.

“Jou my mar Drees.” seit in lyts wyfke, se komt amper boppe de tafel ùt.

Yn ienen is er oandacht, se begjinne trochinoar hinne te praten. Immen slacht mei it kopke op de tafel,

“Troch him kinne wy hjir wenje en net yn in earmhûs.” seit se.

It is stil wurden, elts giet wer nei syn eigen stee.

Polityk…

Print Friendly, PDF & Email
  • 15
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
    15
    Shares
avatar
  Abonnearje  
Notify of
Previous
Wer sille jo hinne?

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien