Machtsstriid

poetin1024

CNbxVJimme binne  tink ik wol op `e hichte fan Stientsje ùs kat  Der ha ik it al es earder wiidweidich oer hân.

Net sa lang allyn hat se in freon krige fan minsken efter ùs. Stientsje in Fryske hûskat en Poetin in Maine Coone mei in hiele lange stambeam. Grutter ferskaat is er net te finen; de iene ùt it asyl en de oare fan adel.

Mar krekt sa as it yn de polityk giet uteinlik giet it om  macht.

Earst wie it tuike-tuike, mekoar paaie en ôfstjitte. ‘Wat hasto te bieden en ik te jaan’. Poetin stelde him underdanich op, wurde bern oan hûs.

Stadichoan waarden de grinzen ferlein sûnder dat ien it yn it snotsje hat. Hy eigenet him dingen ta sa as de itenspanne fan Stientsje. En mei de hûsrigels naam hy it net sa krekt.

Wy sjogge dat oan, fine dat earst grappich en ha ek wol bewûndering foar de gast.

Mar dan wurdt it op in moarn ier en betiid oarloch. Mei in protte wapengekletter en kattegejank wurd ik wekker.

Der stiet Poetin foar de keukensdoar, de prachtige stut fier omheech. Stientsje mei net mear yn `e hûs. Ynelkoar sit se foar de doar. Ik fiel my krêkt as it folk fan de Ûkraine: beskiten en besoademitere.

Mar dochs bliuwt hy wolkom mits hy him hâld oan ùs hûsrigels en Stientsje de baas bliuwt.

Machtsstriid…..

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien