Mar wat binne se handich! We kinne er net mear sûnder, miene wy. Mar jo moatte der wol optiid by wêze oars binne se dea en jo hawwe er neat mear oan.
It selde wurk komt alle dagen wêrom… wat hat it allegearre foar nut? De dagen rige har oanelkoar en en de batterij laat net mear op.
Ik sjoch nei bûten en sjoch in Klyster yn in panne wetter baaien. Wyld giet it er om ta. Kopke ûnder en maar wer kopke ûnder, de fearren wurde ien foar ien neisjoen.
Ynienen tink ik by my sels; ‘Hy moat dat dochs ek eltsedei dwaan? Wêrom kin ik dat dan net?‘
Myn batterij is wer fol. Ik kin de wrâld wer oan. Tankje Klyster!
Batterijen …