Myn tùn

photo379551891105884240-bewerkt

Myn tùn is myn alles. Ha ik it somstiden dreech, dan gean ik de tùn yn. Ik set de skeppe yn `e grûn en hoe fierder ik dol hoe mear ik myn emoasjes kwyt kin.

Ik fertel de Goudsjeblommen  en de Fioeltsjes wat my dwers sit. It unkrûd lùstert mei en bewege har sêft hin en wer. De slakken ha de tiid en heare geduldich nei myn ferhaal.

‘Werom makkest dy sa drok om?’ sizze se; ‘Doch krêkt as ùs, wy binne op it ein like fier as jimme.’ 

‘Ja , mar,’ sis ik; ‘jimme hawwe de tiid en ik net.’

Se geane allegearre om my hinne sitten. In Podde klimt op in stien want hy wol gjin wurd misse. In foarse Langskonkmich makket om gjin tiid te missen in web yn myn hier.

Ik sit mei in probleem .’ sis ik. De Goudsjeblom tilt syn kopke omheech, de Beltsjeblommen sjogge nei underen. In Krobbe kriget in skrobbearing en de wjirm moat him ôfjaan. De beammen bûge hun krunen; de spanning is fielber.

‘Wy wolle ferfarre.’ sis ik; ‘De tùn wurd my te oermânsk.’ Der falt in grutte stiltme om my hinne.

‘Ja mar wy kinne dochs mei helpe?’ seit de krobbe. ‘Sst,’ seit de wjirm; ‘oars gean ik wer de grûn yn.’

Ynkoartens komme we wer byelkoar en dan sille wy it er noch es oerhawwe.

Wer moat ik dan hinne mei myn gefoelens, myn fertriet en blidens? freegje ik my ôf. Myn tùn. Ik kin myn freonen net misse…

LÊS EK:  By de tiid bliuwe

  • It falt net ta om it plak dêr je lust en je libben leit opjaan te moatten. Mar miskien is der aanst njonken in ôfskie ek wol in nij wolkom.

  • >