Guinness Book

troch Posted on 1 Comment 1 min read 318 views

 Naamloos-1“Ik trouw niet weer.” seit se mei grutte wissichheid. “Wêrom net? sis ik. Dan ferhellet se oer har libben.  

“Ik heb in mijn leven veel pech gehad. Ik viel altijd op de verkeerde vent. En ik was altijd verliefd.”

Se is fjouwer kear trouwd west. Twa binne ferstoarn oan kanker en fan twa is se skieden. 

Eèn van de beide twee was mijn pianoleraar. Hij was net weduwnaar geworden en bleef achter met vijf kinderen. Ik had met hem te doen en  door zijn pianospel maakte hij diepe indruk op mij. Op een gegeven moment zijn we getrouwd en hadden samen negen kinderen. Toen ontdekte ik dat hij vreemd ging met een meisje van zestien die hij les gaf. Ik heb  meteen de scheiding aangevraagd. De laatste was een adonis, geen vrouw was veilig voor hem.

Wêrom dan hieltijd wer trouwe? freegje ik fernuvere.

Een vrouw wil geborgenheid.” seit se; “maar ik deed het ook voor de kinderen. Ik heb alleen maar domme pech gehad in mijn leven . En toch  als ik weer verliefd zou worden sta ik niet voor mij zelf in.

Ik skodzje  myn holle oer safolle naivens. Myn holle noch fol fan wat ik heard ha fertel ik it oan myn buorfrou. “Nò,” seit se; “ik bin trije kear trouwd west, wist dat dan nèt? 

Ik freegje my ôf: wolle hja mooglik yn it Guinness Book of Records komme?

Deadebetinkings

troch Posted on 0 Comments 1 min read 333 views

charloisIk bin allinnich en rin lâns de grêven fan minsken dy ik op in inkele nei kint ha.

Hjoed is it 4 meie. Deadebetinking. By ùtstek geskikt om op in tsjerhôf de deaden te betinken, fyn ik.

Hja hawwe ommers allegearre hun libben achter de rech, sommige in lang en sommige in koart libben. Guon minsken mei in besmarge namme wer`t hja bern mei wraksele ha en de bernsbern ek noch hinder fan ha. Stik foar stik lês ik de nammen op. As in film gean al dy doarpsgenoaten oan myn each foarby.

Ik wie in famke fan san tsjien jier âld. Ùs mem ferhelle faaks oer wa ferkeard west hie en net te betrouwen. Wêrom makke dat san yndruk op my? Dochs wit ik net folle mear fan de lêste dagen fan de oarloch. Mar wol fan de befrijingsfeesten; dy hawwe djippe yndruk op my makke. 

Sa kom ik oan it ein fan myn pilgrimstocht oer it tsjerkhôf fan myn bertedoarp Âldeboarn.

Ik betink my; wa wie goed en wa ferkeard? Jildt dat ek yn fredestiid en wa sil dat ùtmeitsje? 

Ynkoartens kom ik wer.” ûnthjit ik hun; “Dan ha wy it er noch es oer …

Dat ûnthjit ik

troch Posted on 5 Comments 1 min read 582 views

lutzDat ferklearje en ûnthjit ik. klonk it lûd troch de Nieuwe Kerk ûnder de abdicatie fan de nije kening.

Ûnder al dy Earste en Twadde Keamerleden dy de eed as de belofte ôfleinen hearde ik ynienen lûd en kreftich: “Dat ferklearje en ûnthjit ik.” 

En dàt wie Lutz Jacobi. Us Fryske politikus sit sûnt 30 novimber 2006 foar de Partij van de Arbeid yn de Twadde Keamer.

“Dat ferklearje en ûnthjit ik.” is oer de hiele wrâld gong. Yn de fierste ùthoeken fan de ierde koene Friezen de belofte hearre yn hja eigen taal. Sels foar de ùtstjoering fan de NOS op de Dam waard it ûnderwurp besprutsen, as soks wol troch de beugel koe.

Mar de âld foarsitter fan de Twadde Keamer Gerdi Verbeet makke dùdlik dat it Frysk in offisjele taal is dy yn de grûnwet ferankere leit.

Wat bin ik grutsk op Lutz dat sy dat oandoare. Wer wiene de oare Fryske keamerleden? Op myn reaksje kaam fuort ynienen antwurd fan Luts Jacobi.  

Tanke wol en Fryslân boppe.

Dat ûnthjit ik.

lutz_twa

Goarre

troch Posted on 0 Comments 2 min read 289 views

Naamloos-1It is prachtich waar en ik meitsje plannen. It is ommers al gau Keninginnedei! Earst mar meane en dan …

Mar it wurd neat, it ark bliuwd stean. Al gau kin ik in retoer nimme op it huske. En sa belânje ik yn de lapekoer.

Wat ite wy hjoed?‘ ropt hy. Dat levert my wer in rit op nei it stee wer`t ik krekt wei kom. “It giet rûn.” seit de buorfrou; “Der hearsket in goarre.

Mar wat ha ik der oan? Ik sit mei myn eigen illinde.

Ha wy ek wat te drinken yn ‘e hûs?” freegje ik. Mar alles is skjin op. Ik soe ommers boadskipje. Efkes letter hear ik myn man earmoedzjen. Ek hy belânnet tusken de lekkens. Gedeelde smart is halve smart. Ik bin dus net allinnich.

Mar hoe moat it no mei Max? Hy hat er noch net ùt west. “Doch dyn behoefte mar yn de tun.” sis ik; “It mei nò.” Hy begrypt er neat fan en wol rinne.

Ik skilje tusken de bedriuwen troch mei de soan as dy wat dwaan kin mar ja, dy wennet yn it westen. Dan mar de oare soan mar dy sit earne yn Dutslân. En de buorfrou? Dy hat it wol besjoen en is ôfsetten.

Is dit it foarlân fan de âlderein ?” freegje ik my ôf . De oerhyd wol op de soarch besunigje. Soarch op maatwurk: wat soe ùs maat wêze? De femylje moat mar helpe mar as min dy net hat, wat dan?

Lokkich is dit mar in goarre. It kin noch folle, folle beroerder. 

Kreatyf

troch Posted on 2 Comments 1 min read 360 views

1Wol mem ek twa grutte houten bakken hawwe?” freget er. Hy is syn balkon oan it oprêdden. En sa as it altyd giet komt er wat oer en tefolle is by ùs achterhûs.

Ik moat sizze; it is myn eigen skuld. Ik kin neat foart dwaan. Wat foar brot it ek is, ik sjoch er wat yn. Twa izeren stuoltsjes wer`t de beklings fan wyt ferve binne hingje oan de muorre. In ôftanke televyzjetafel mei in marmerenplaat derop. Neat is te gek.

Ik sjoch er altyd wat yn. Ta grutte argewaasje fan myn man. Hy is net sa kreatyf as ik. Soe it komme fan ùs heit? Dy koe ek alles brûke. 

In grutte bestelauto stoppet foar de doar en twa manlju sjouwe enorme bakken achterhûs. “Wat moatte wy hjir mei?” seit er fertwifele. “Wachtsje mar ôf.” sis ik; “Do silst er fersteld fan stean.”

Nei dat ik it spul  besjoen ha begjin ik te skowen. Yn myn holle begjint in moaie sithoeke te waaksen. Earst mar fervje. Ik ha noch wat stean en dan gean ik los. Nei in dei skreppen en krewearjen is de sit  klear.

“Komme jo efkes?” ropt myn buorfrou oer it skut; “Wy hawwe in lounge-set kocht. In geweldich bankstel fan keunstreit komt my temjitte.

It sjocht der prachtich ùt.” sis ik en gean wêrom nei myn eigenmakke lounge-set. 

Sis nò sels; wat is nò moaier om kreatyf te wêzen en âlde dingen op te laapjen?

2

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien