Fyftsjin minùten

‘Jo hawwe fyftsjin minùten foar in kontrôlebeurt mefrou en dan ek noch oer twa moanne…’ ; seit de toskedoktersassistinte. Ik sei noch; ‘Mei ik him dan wol moarn sizze en efkes nei syn sûnens freegje?’ It kommentaar wie; ‘As it mar by dy fyftsjen minùten bliuwd.’

By de hùsdokter is it noch slimmer, der krye jo tsien minùten. En as min mei in probleemke sit oer je sûnens en sa, dan wit de assistinte der wol rie mei. Dy froulju binne heale dokters wurren, wat soe hun studzje wèze? In hûsdokter komt net mear oan hûs, as der moat immen stoarn wèze om fèst te stellen dat de persoan echt dea is. Wol min graach in dûmny ha dan komt der in pastorale wurker (neat mis mei). It stikt tsjintwurrich fan de help ferliners mar wer binne de professjenels dy der safolle jirren foar studearje hawwe? Wer is it idealisme fan san berop as ambt bleun?

Ik wol net sinysk wèze, dat leit my net. En boppe dat ik ha in hiel aerdich hûsdokter en dûmny. Ik wol perfoarst begrip ha foar dit soart minsken. Miskien woene hja sels ek wol oars. Mar ik tink dat in dokter de measte fan syn pasjinten net iens kin as ea sjoen hat. ‘Goed teken’ sille jimme sizze en dat is ek sa want dan binne  jo goed sûn. Mar dochs wol ik witte wat foar man by myn bed stiet want as ik dea bin ha ik der gjin weet mear fan.

Mar it moat wol  binnen de tsjien minùten bliuwe fansels. En de toskedokter hat er wer fyftsjin minùten by kryge. Wer fan akte…


2 Comments on “Fyftsjin minùten

  1. Wat in tige wier stikje; it is yndied sa slim. Minsken binne nûmers wurden.’t Is eigentlik hiel tryst.

    Wer hiel oandwaanlik skreaun, us memmeminske!

  2. Hier in ‘ons’ dorp heb ik in m’n hele leven nog maar twee dokters gehad en gelukkig hoefde/hoef ik me nooit opnieuw voor te stellen. Op de klok wordt niet gekeken, de patiënten in de wachtkamer weten dat wanneer ze op tijd zijn altijd moeten wachten. Dit geldt overigens ook voor een bezoek aan de tandarts. Gek, dat het hier dan ‘dorpser’ is dan bij jullie, had ik niet verwacht. Mem moet voortaan maar hier naar de tandarts gaan 😉

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien