Heit

Fan 1904 oant 1968 libbe in bysûndere man. In man dy hiel wat stiennen yn syn libbensstream ferlein hat.

As âldste fan fjouwer bern moast hy al op jonge leeftiid nei de boer. Syn libben bestiet sa as mear fan syn generaasje allinne mar ùt wrotten. Hy troude mei ùs mem en waart molkfarder. In tige dreech bestean; fjirtich mingel molkbussen tôgje, dei yn dei ùt, fan de boer nei it molkfebryk.  Fiifentweintich jier hat hy dat wurk dien. It hat him letterlik sloopt mar krimmenearje dy hy nea.

Hy hat op de Grebbeberg fochten en hat de dea yn è eagen sjûn. In wike hat hy fermist west oant wy in kaart krygen mei de tekst  “ik libje noch”. Mar dat wie nèt genoch foar him, hy giet by it ferset. Mei syn maten ùt de ûndergrûnse hat hy hiel wat sterke staaltsjes ùt helle. Sa folle mogelijk de fyân dwers sitte, dat wie hun stribjen.  As bern leinen wy yn in bedstee, boppe in kelder fol mei wapens en der leinen by myn witten wol fyf jier lang winterjirpels op. Wy hawwe as bern nearne troch hân wat der om ùs hinne barde. Foar myn gefoel is der foar dizze lytse groep fersetsminsken fjirst te min oandacht west.

Mar foar my is ùs heit in held. Ik bin grutsk dat ik in dochter fan him bin en ùs bern san pake hân ha.


2 Comments on “Heit

  1. ‘t Is tige spitich dat ik de beste man net kinnen ha. Like mij een bysunder yntrigearende man ta. En dat jild ek foar us heit syn heit…

    • Jammer, ik hie graach sjoen dat jimme mekoar kinnen hiene. Dochs kin ik in soart fan him fertelle, want jimme sille jim wol ris ôf freegje op wa lykje ik?
      Wer ha ik dy eigenskip fan? Min moat fan jin ôfkomst witte om je takomst te kinnen.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien