It roer om In dialooch tusken mem en soan

Ik smyt it roer om.“ seit er troch de telefoan. “Wat bedoelst der mei?” sis ik ûngerêst. Want altyd as ik sokke berjochten  krij tink ik; wat nò wer? Want wat is er moaier as alles bliuwd sa it is! Wylts ik sels ûnrêstich bin en reuring wol. Mar as it de bern oanbelanget, dat is hiel [Lês mear »]

Misse

Ik sil him nèt misse.” seit se opstannich. In goekunde fan my hat koartlyn har man ferlen. Ùt fatsoen kondolearje ik har en sis ûnnoazele wurden sa as ‘sterkte‘. “Ik sil him nèt misse.” seit se noch es. It trouwen mei dizze man wie in fersin. “Mar ja, hy hie in goeie baan en in goed ynkommen. Mar [Lês mear »]

Pessimist

Do stekst de kop yn`t sân.” seit hy. Hy sit nei Hjoed te sjen. It iene rampberjocht nei de oare wurd de keamer ynslingere. Femylje bedriuwen fan in pear hûnderd jier âld geane op ‘e flesse. Ùs gemeente komt ûnder kuratele fan de provinsje. De gemeentelike lêsten sille heger wurde. En ùs taksje sil net [Lês mear »]

Kloklieder

Edward Snowden hat bekend makke dat de Amerikaanske feiligheidstsjinsten fan elkenien op ‘e hichte is.. Sa is ek ùs ynternet en de telefoan net feilich. “En myn webside dan?” freegje ik de soan; “Wat hat de FBI, CIA en de AIVD oan myn skriuwerij?”   “Yn dy simpele stikjes kinne wol spionaazje berjochten ferskûle sitte.“ seit [Lês mear »]

Epilepsy

“Komst ûnder?” rop ik ûnderoan de treppen. Us soan komt elke dei syn waarme hap heljen. Dat giet al jierren sa ta alle te fredenheid. Ik rop noch es; “Komste?” Mar hy reagearet net. ‘Dat doocht nèt.‘ tink ik by my sels; ‘Dèr is wat oan de knikker.‘ En sa fyn ik him ûnder it buro. Tige [Lês mear »]

Op libben en dea

Ier en betiid wurd ik wekker troch in protte geraas fan aksters. Yn de grutte beam achterhûs sit in nest jongen. Ik draai my om en wol my der net mear oan steure. Mar it geraas wurd fûler. Ik moat er mar ôf en strompelje yn nachtklean mei in slûge kop nei bûten. En ja [Lês mear »]

Eachkorreksje

“Do moast nei de eachdokter.” sis ik tsjin him. Mei read trochrûne eagen sjocht hy my oan. “Ach, drippelje mar. Dan giet it wol oer.” seit er. Mar de moaie blaue eagen wer`t ik ien kear foar fallen bin binne read troch rûn. En sa sitte wy efkes letter by de hûsdokter. Dy advisearet ùs nei [Lês mear »]

Ùtstutsen hân

Myn buorfrou komt mei twa prachtige boeketten blommen oansetten. Har man en in kollega binne justerjûn wiidweidich huldige tr0ch de direksje. Hja wiene fiif en tweintich jier by it bedriuw. Ik wit noch dat hy as jonge by de rinnende bân kaam. In aardiche stille jonge. ‘Hy sil it noait fier skoppe yn it libben.‘ [Lês mear »]

Debat op 2

Sjoch jimme wol es nei Debat op 2 ?  Ik wol. It binne nijsgjirriche underwerpen dy der behânnele wurde. De foar- en de tsjinparty komme beide oan it wurd. Dizze kear gong it oer heiten as memmen as partners dy dement wurden binne. Ik kin der net goed oer want ik ferpleats my altyd yn dy persoan. As [Lês mear »]

Tegearre diele

Ien snein yn de simmer hâlde de menisten in Hagepreek. Dat wol sizze, in tsjinst bûtendoar yn it lân fan boer Yntema te Nijskoat. Dizze tsjinsten komme ùt de tiid doe hja ferfolge waarden om harren leauwen. Snein wie it wer safier. It waar wurke net mei, de gearkomst waard ferskowe nei de skuorre. Under it [Lês mear »]

>