Krystiid

Krystiid. Eltsenien hat fry. Soms in moai skoft want de frye dagen moatte op. En dan moat er fan alles barre; boadskipje, putsjes dwaan of besiikjes ôflizze. Dingen dwaan wer je oars net oan ta komme. It kin hiel gesellich wèze mar foar minsken dy allinne binne ,dy  hawwe it faaks dreech sokke dagen.

Mar wat bestjut kriistiid nò eigelik? It is dochs net allinne it hûs fersiere en lekker ite? As nei de wintersport en je ùt libje yn de snie? Dochs kin dat hardstikke  moai wèze fansels, neat mis mei.

Mar wat hâld it nò krekt yn, it Krystfeest? As je dat op de man ôf freegje dan witte se der eiglik neat op te sizzen. We libje yn in tiid wer`t de betsjutting fan dy feestdagen oan it ferdwinen is. Dat is jammer, fyn ik, want de oarsprong  fan dy feesten binne hiel wichtig om troch te jaan.

Minsken ha oare belangstelling krige. It materialisme, de wolfeart en it egoisme is der ek debet oan. Mar foar my is de Kriist in feest fan hoop.  God hat syn soan Jesus Kristus nei de wrâld stjûrd om minsken hoop en moed te jaan. Hoop op in takomst fan frede, hoe fremd it ek yn de wrâld  der hinne leit.

Ienkear sil it frede wèze, dat is de belofte dy hy dien hat dus lit de moedfearren net farre it komt goed.

Ik winskje jimme moaie Krystdagen.

Foto: buaiansayapanomali

Diele mei:

One Comment on “Krystiid

  1. Moai printsje net? Ik fûn it wol taposselijk…

    Wat betreft ynhaldelik.. tja, ik bin net sa fan de Krystgedachte mar dat wit memmeminske wol. ‘t Is jammer maar de spirituele boadskip giet oan mij foarbij.

    Mar dat hald net yn dat ik d’r negatyf tsjin oer stean; Kryst is een drege tiid foar een protte minsken en dan tink ik wol dat in soarte minsken d’r wat oan hawwe sa as treast is foar hun. En as dat no it leauwen is of oare minsken moat net ùtmeitsje…

    Fjirder moai skreaun. Een echt Wokkeminske stikje 😉

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien