Eachkorreksje

each“Do moast nei de eachdokter.” sis ik tsjin him.

Mei read trochrûne eagen sjocht hy my oan. “Ach, drippelje mar. Dan giet it wol oer.” seit er. Mar de moaie blaue eagen wer`t ik ien kear foar fallen bin binne read troch rûn.

En sa sitte wy efkes letter by de hûsdokter. Dy advisearet ùs nei de eachdokter te gean. Mar earst moatte wy in ôfspraak meitsje.

Ik krij it ôfsprakenburo, dy ferbynt my troch. Sa krij ik in stazjêre oan de line. Ik doch myn ferhaal en moat  wachtsje. Pas over twee maanden kunt u terecht. seit se; “En de secretaresse is met vakantie dus u kunt nu geen afspraak maken.”

Ja mar,” sis ik; “jimme hawwe dochs wol mear sekretaressen yn san grut sikehûs?” “Nu u het zegt,” seit se; “ik zal even verder zoeken.”

Yntiid wurd myn hân lam en ha ik skjin myn nocht.

Er is nog eèn mogelijkheid,” seit se; “het is een andere oogarts en de secretaresse is terug van vakantie.

Wat in gelok.‘ betink ik my; ‘dat wy net in slim ûngemak hawwe want dan moast earst it personiel wêrom komme fan fekânsje.

Dus minsken, krij gjin hingjende eachlidden as oare eachkrupsjes. Ha geduld oant de hjerst ta. Mei de tiid sil myn Adonis wer sjen kinne mei kleare blaue eagen. 

As soe it tsjinfalle wat hy sjocht?

10 Comments on “Eachkorreksje

  1. it liket nearne op! Yn myn wurk is it is selde ferhaal….;-((( in skande is it èn nèt oars!

  2. Dat komt door de vergrijzing, al die mensen met brillen en slecht ziende ogen. 2 maanden is nog snel!

    Ik moest naar de speciale oogarts (omdat ik een hersenafwijking heb: ik kijk niet goed) en daar kan de gewone oogarts niet mee uit de voeten.
    5 maanden wachttijd! (hier in Groningen)
    Dus ik heb voortaan bij alle specialisten (reumatoloog, orhtopeed, gyno, oogarts,enz) een afspraak voor het geval ik er naar toe moet, en ik verzet ze steeds twee weken. Mij zal het niet gebeuren dat ik op de wachtlijst kom!

  3. Moat in stazjêre útmeitsje of wat akút is of net? Dat is wachtsje op dat it fout giet.

  4. Tsjintwurdich is in sikehûs in kommersjeel bedriuw. Neffens my binne âlde minsken in grutte doelgroep foar it sikehûs. It sikehûs hat der belang by om in goede namme en faam te ha foar soarch oan âlderen.

    It is neffens my gewoan sleauwens en net mei- of neitinke en gjin kwaliteit leverje by it meitsjen fan ôfspraken.

      • Jo binne net de iennigste dy hjirmei te krijen hat. In soad bern hearre fan har âlders soksoarte ûnderfinings mei de soarch en dy opsternaat binne.

        Gelokkich binne der gjin wachtettiiden foar in fergees glimke en in tút.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien