Min moat dochs sjonge kinne?

troch Posted on 1 Comment 1 min read 692 views
Foto troch David Beale fan Unsplash
We meie no ek net mear sjonge." seit se mei in tryst gesicht. "Wat bedoele jo?" freegje ik. Ik moat er noch efkes ynkomme, de moarn is noch ier.

We sitte yn de grutte seal kofje te drinken, op paste wize in eintsje fan elkoar ôf. En omdat it grutste part hurdhearrich is falt de kommunikaasje op grutte ôfstân net mei.  "Wat sizze jo?" is dan ek net fan de loft.

Lit stean fan petearen dy wat djipper geane, se ferwaaie yn de romte.

"Mar," giet se fierder; "musyk mei ek net want der sjonge wy by, en sa kinne wy ek it firus oerbringe."

"We soene fanne middei sjonge mei Tetman en Jarich, der kin min osa meielkoar mei sjonge mar dat mei ek net."

"Dan mar sjoele." seit in oarenien; "Mar net te deun byelkoar want da kinst it ek krije."

"Bridge, dat kin wol." seit er ien; "Dat kin min mei jin fjouweren dwaan en as jo it dan krije dan binne it mar fjouwer." Se binne it iens en sille fanne middei los.

Ek films sjen oer fiere lânnen mei hege bergen en grutte seeën steane heech yn it faandel.

En seft hear ik harren nùnderjen;

"Troch see en en skaad en lânnen fier oer it westerstrân...."

Min moat dochs sjonge kinne?

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
1 Comment
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

[…] Lês fierder by Tiden hawwe tiden […]

Previous
Net te tichtby komme, hear!

1
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x