Âldjiersnacht

Naamloos-1
It hat in dreech jier west foar de Boansters dat se salang it lieden fan de klokken misse moasten. Troch filmkes en aksjes binne we hieltyd ophichte hâlden fan de foarùtgong, fan de restauraasje.

En nò is hy klear en feestlik yn gebrûk naam.

Syn swier waarm lûd klinkt wer oer it doarp en omkriten. It die my tinken oan lang ferlyn doe de toer ek oanpakt wurde moast. De klokken mochten net let wurde want dat koe de toer net mear ferneare.  Jan en syn maten lieten hun nei de âldjierspreek opslùte yn de tsjerke .

En sa liet de toer om tolve ûre âldjiersnacht syn swiere brûnzen lûd hearre. De plysje waard derby helle mar koe neat ùtrjochtsje se koene net yn de tsjerke komme. Yn koarte tiid wie it Doelhôf fol streamd oan it applaus kaam gjin ein. De koster waard derby helle mar dy wie de kaai kwyt.

Der is foar de jonges gjin ferhaal op kaam; de plysje taaide ôf en de Boansters belibben har âldjiersnacht wer `t noch lang oer neipraat is.

As dy toer es fertelle koe …

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien