De joernaliste

Naamloos-1As wie ik net fuort west giet se wer fierder mei har ferhaal. “Wer wiene wy ek al wer bleun.” seit se dan en sjocht my freegjend oan.

Ik bin by myn muoike. Eltse wike op tongersdeitemiddei gean ik by har lâns en dan hawwe it oer eartiids doe sy as joernaliste by de Hepkema’s Krante wurke. Hûnderd ùt ferhelle se dan oer har ûnderfinings as joernaliste. En dat wie wat as ienigste frou yn in mannenwrâld.

We hawwe it oer it jier 1929; de emansepaasje wie noch lang net yn sicht. Se kaam fan de H.B.S. en soe yn de biblioteek wurkje. Se hâld fan boeken en lêsde in protte. Mar nei in skofke ferfeelde har dat.

Troch kontakten kaam se yn oanrekking mei ‘De Hepkema‘. Se krige in keamer boppe in tabakszaak en koe dalik begjinne. Se hat it dreech hân, it wie ommers in manljusbastion! Se mocht allinnich de gearkomsten fan de plattelânsfroulje ferslaan. It yntresante barren gong nei de kollega`s mannen. Oant se brânnen en plysjesaken dwaan mocht… doe wie se op har plak.

Nije wike gean we fierder.” sei se dan; “we binne noch lang net ùtpraat.”

De joernaliste. Ien en njoggentich is se wurden.

Naamloos-1

Diele mei:

2 Comments on “De joernaliste

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien