Ik ferhip it.’ seit de jongeman tsjin my. ‘Wat ferhipst sto?’ freegje ik him.
‘Troch dat ik in útkearing krij, wurd ik foar alles ynset. En dat wol ik wol, want ik bin net lui. Mar no sit ik mei in hernia thús. Ik moast kasten fersjouwe yn de Lege Knip. Der fiel ik my net te beroerd foar hear, begryp my net ferkeard, mar ik bin dat swiere wurk net went.’
‘Wer bist sto dan foar oplieden?’ freegje ik. ‘Ik ha Delft dien,’ seit er; ‘mar ik kin d’r gjin wurk krije.’
Myn neiste buorman hat ek in útkearing en moat ék ferplicht frijwilligerswurk dwaan. Hy wennet allinnich, wie der earst faaljekant op tsjin, mar no is man hielendal opbloeid. Hy ‘docht wer mei’ -syn wurden-, se hawwe him nedich.
Okkerdeis wie hy jierdei en de keamer siet fol mei tankbere minsken. It regear wol it no ferplichte stelle. Ik wit net as dat wat úthellet. Elk moat dwaan wer`t hy as sy goed yn is, tinkt my.
‘Jelke!’ rop ik; ‘Wost efkes in skilderijtsje ophingje? En it húske is ek ferstoppe.’
Wat moasten wy sûnder frijwilligers? Der is in nije merk ûntstien en der is ien dy der hiel bliid mei is…
Ik zou er ook heel blij mee zijn!
Merk hier niets van al die werklozen en vrijwilligerwerk. Ben al een maand op zoek naar een rolstoelduwer, maar al die werklozen hebben het heel erg druk.