Oardielje net

indexIk seach op it nijs in man gûlen: syn winkelpand en hûs stie yn ljochte lôge. Hy sei skriemend: “Fjouwer generaasjes ha der yn wenne en wurke.

Der stie hy yn in sportbroek en T-shirt. Oars hie hy neat mear, allinnich wat hy oan hie.

De kritiken wiene net fan de loft. De saken gongen minder de lêste tiid “Hy sil sels de brân wol oanstutsen hawwe.” Der stienen se; man, frou en bern mei de earmen om elkoar hinne. It hat my rekke.

Ek wy binne es alles kwyt rekke. Net troch brân mar troch fallisemint. Troch korrupsje, oplichterij. Troch minsken dy wy blynwei fertrouwden. Ek ùs bedriuw kaam ùt de 18e ieu en hawwe hûnderden minsken yn ûnderhâld fersjoen.

“Ek wy hiene it safier komme litten.” sei men; “Eigen skuld.” It hat ùs libben in hiele oare slinger jûn, dat moat ik sizze.

Mar minsken: oardielje net want wat hinget jimme sels noch boppe de holle?

Begryp en meilibjen, dat fersêftet al in bult.

Oardielje net!

Region Capture

Diele mei:

One Comment on “Oardielje net

  1. Pingback: Blog Tiden hawwe tiden: Oardielje net | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien