It moat oars

“It moat oars,” sis ik; “it is my nèt nei it sin.” In skoft allyn bin ik fan boppe nei onderen ferhùze. Ik ha it oer myn kompjûter. Wy hiene in sliepkeamer omboud ta kantoar mei twa buro`s en twa kompjûters. “Kreas.” soene jo sizze. Mar as ik dwaande wie baanden de jirpels oan as [Lês mear »]

Rouadvertinsje

“Hast it al lèzen?” freget in freondinne my. “Och hearkes,” sis ik; “is dat sa?“ Ik lès altiid de rouadvertinsjes yn de Ljouwerter en krekt nò net. It is in fremde wisânsje. Ùs mem dy dat ek altiid en dan waard it breedùt bepraat. As bern fûn ik dat sa fremd! En nò doch ik [Lês mear »]

Steuring

“Wolsto efkes op ùs bank sjen? Ik wol witte wat er opstiet.” seit myn man. Nei dat hy minder sicht krigen hat bin ik oan it yn-ter-net-ban-kie-ren (..). Nei in perioade fan staazje rinnen mocht ik it oer nimme. Yn it earst fûn ik it spannend en eang. Mar ek wie myn ego oansprutsen: wat [Lês mear »]

Momint fan Lok

Ik sit yn de tùn. It is deastil om my hinne. De minsken yn myn omjouwing binne der op ùt. Ik bin allinne. De fûgels hawwe it alderheislikste drok. De âlders fan it jonge guod fleane har de fearren ùt it gat: it is spitsoere. Mar alles giet mei uterste sekuerens. As mem blokfink mei in [Lês mear »]

Keninginnedei

Keninginnedei  30 april 1960. Ùs âlste soan is berne. Folgens de hûsdokter soe hy op 5 meie it libbensljocht sjen. It waard Keninginnedei. Mei in lokwinsk fan Keninginne Juliana (wie nèt altiid sa)  in dûbel feest, fansels. Hy sels fûn der letter neat oan want alle oandacht gong nei de festiviteiten. De jierdei begong iere betiid [Lês mear »]

Komplement

Wy hawwe besite en prate oer alles en noch wat. Oer polityk en fansels de ekonomyske tastân. We binne it iens dat it ùs allegearre reitsje sil. Sy wol mei in grientetùn begjinne en hy sil sels oan it ferfjen. “Nò,” sis ik; “ha jimme al achterhûs sjoen? Ik ha de tùnskuttingen ferve.” “Ja, we [Lês mear »]

Peaskepronk

We geane sneon nei Ljouwert.” sei ùs mem tsjin myn suster en my. It wie hast Peaske en dan moasten wy nije klean hawwe. Dat wie in feest mei de bus nei de sted, nei C&A. Want der allinne kochten wy de klean. Der koene jo op de heegste etage lekker kofje drinke mei in [Lês mear »]

Reiskiste

Mei ik dy reiskiste fan jimme?“, freget ùs soan. Sûnt wy it op ‘e kop tikke ha seurt hy der om. Mar wy hawwe wat mei dy kiste. By it opromjen fan in âlde pastorije kaam myn man er mei thus. Nei noch al wat beswier fan myn kant waard hy op souder set. En [Lês mear »]

Wurkjouwer

“Dit moat hjoed klear, hear. En oars dochst mar sa lang troch dat it klear is.” Ik ha in strange baas, myn hiele libben lang. It is altiid de selde wurkjouwer west. Ik tink dat it al hiel jong der yn ramme is. Ik ha in broer, syn dagen binne te koart. Myn suster kin osa [Lês mear »]

Myn Momint

It is sneontemoarn betiid en osa stil om my hinne. Ik nim in bakje kofje en lês op myn gemak de Ljouwerter. Myn man en de hûn binne noch yn dreamenlân. Dit is myn momint fan de dei nè fan de wike. De rèst is oerâl om my hinne. Gjin hastiche minsken dy op it [Lês mear »]

>