Gryp Op Jo Sûnens!

Tink er om datsto net ferslave rekkest.” seit myn freondinne. 

We sitte sa wy went binne mei jierdeis: yn in kring. Eartiids sieten manlju by manlju en froulju by froulju.

Ik siet as bern altyd by de manlju. Dy hiene folle ynteressanter praat, fûn ik. Ut en troch waard ik fuortstjoerd, dan hiene hja it oer ûnderwurpen wat ik net hearre mocht.

De manlju dronken jonge jenever mei in skepke sûker as in bearenburchje en de froulju ‘Avondmaalwyn’, as in advokaatsje mei slachrjemme.

Neffens de tiid foardere waard it drokker en lûdroftiger.

En dan fûn ik it spannend wurden want de ferhalen kamen los. Mar spitich genôch moast ik dan de hûn altiten út litte. 

As wy as bern de gryp krigen, dan makke ús heit in hjitte grok foar ús. Der kaam konjak en sitroen yn, mei brune sûker en kokjend wetter. Mei soarch waard dat klearmakke.

“Moarn bist wer better.” sei er dan, en streak oer myn koartsige holle. De oare deis wie ik better. Kaam dat no troch de groch? As de aai oer myn holle?

“Mei drank moat min oppasse.” seit se en leppelt oan har advokaatsje mei slachrjemme. “Do hast gelyk.” sis ik en nim noch in grok. Want foardatst it witst, hast de gryp te pakken..

Read more

Rûte 21

We moatte de oanwizigen mar folgje.” sis ik tsjin myn man. We binne yn it sikehûs en moatte nei de ôfdieling Geriatrie Âlderein Specialisme. Mar der gean jo net samar hinne. It sikehûs is mei syn tiid mei gong. Jo moatte jo earst oanmelde yn de hal. Der steane fjouwer grutte pylders. En dan moatte jo je riidbewiis [Lês mear »]

Dei-behanneling

Nei in moane lis ik wer op ‘e dei-behanneling fan `t sikehûs. De earste ynjeksje hat neat holpen. “Dan mar de twadde.” seit de spesjelist; “We sille it dizze kear goed oanpakke.” “Wat bedoele jo dermei?” sis ik eangstich. Ik ha in gloedige hekel oan pine. It is mear it ongewisse tink ik. Mei myn [Lês mear »]

BoerenBlij

“Wolle jimme es mei my nei Boerenblij“, freget se. “Wat is dat krek?” freegje ik. Ik ha der wol es fan heard mar dan hâldt it op. “Dat is in soarchbuorkerij foar âlderen en foar jongeren dy swirrichheden krige ha mei hja ûnthâld. Ek lju dy troch in ûngemak as sykte harsensskansearring krige ha.” In [Lês mear »]

Oantinkens

In âlde man rint mei in lyts famke oan `e hân troch it doarp. Se sille nei`t tsjerke ta. Se hawwe alle tiid, it is ier op ‘e middei. Se is bliid. Se kriget altiid in pipermuntsje fan him mar net ien, somstiden wol in hân fol. Dizze middei wie it oars. “Ik ha wat foar [Lês mear »]

>