Lizze jo noflik?

Lizze jo noflik?” freget it susterke. Se skowt my yn in grutte rûne koeketromp dy om jo hinne draait en fan elts ûnderdiel fan jo lichem foto`s nimt.

Earst hat se my it himd fan it gat frege. “Ha jo ek in gehoarapparaat? Ha jo ek sieraden om?”

“Nè,” sis ik; “de trouring ha ik thûs lizzen. Dy is  nei acht- en fyftich jier nea ôf west.”

Ha jo ek klean oan mei ritsen as stielen drukknopen?”

“Nè bern,” sis ik; “dy tiid ha ik allang hân. Alles is elastysk wurden.”

“Ha jo ek in CD meinaam?” seit se. “Hoe sa?” freegje ik.

“As jo der yn lizze kinne jo musyk hearre wat jo graach hearre wolle.” “Draai mar it Fryske folksliet.” sis ik.

Wolle  jo net Elske DeWall hearre? Der freegje de measten om.”

Lang om let wurd ik yn it apparaat skowen.

Sa no en dan hear ik, tusken de lûden fan it koeketromke yn; “Klink dan en daverje fier yn it rûn, dy âlde eare…”  en dan nimt it apparaat it lûd wer oer.

De tiid is om dwyl rin ik nei it klaaihokje. Wat soe it ding fûn ha? Ik ha dochs net in fremde kwaal ûnder de lea?

It sil mij benije.

 

 

 

LÊS EK:  Nachtpon
  • Moai dat dit soart fan apparatuur dr is, salang je d’r net yn hoege…

    Leafs, PH

  • >