Hernia

Jo hawwe in hernia.” seit de sjauffeur. Hy sjocht my oankommen en hat de taksje foar de doar riden.

“Hoe sa?” sis ik.

Ik ha jierren allyn it selde hân. Ik koe net mear rinne, sitte as lizze en stie by de tafel te iten.”

“Net gesellich foar jo frou en bern.” sis ik; “It moat fansels noch bliken dwaan dat ik in hernia ha.”

“Ik ha it al lang sjoen.” giet er fierder en set hastich ùt ein. Der moatte hjoed mear lju nei it sikenhûs.

Nei lang om let ha ik in ôfspraak makke mei de orthopeed. De hûsarts is oerstjûge dat ik in nije heup hawwe moat, dy siet er ommers al tweintich jier yn. Nei ferskate ynjeksjes hân te hawwen waard de pine slimmer.

“Ik wol hegerop.” sis ik tsjin de hûsarts .”As jo der op steane kin dat.” seit er.

“Hoe gaat het met U?  seit de orthopeed en jout my in stevige hân. We begroetsje mekoar as âlde freonen. Hy kin mij better fan binnen as fan bûten. Hy hat ommers yn de rin fan de tiid hast alle underdielen fan my ferfongen.

“Wij gaan het onderzoeken.” seit er. En hy makket er goed wurk fan. Ik gean fan de iene wachtkeamer nei de oare.

“Moarn!” rop ik oerdreaun. Net ien sjocht op, se binne allegearre yn `e bân fan hun smart-phones.

In nije ôfspraak wurdt makke en dan foar de MRI.

“Sei ik it net?” ropt de sjauffeur; “It is in hernia!”

In hernia….

Diele mei:

2 Comments on “Hernia

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien