Se leit langùt op de flier te boatsjen. Myn suster en ik binne op besite by us mem. Gesellich sa as altyd mei kofje en blauwe flut. Fan alles giet er dan oer it tafelswilk. It praat giet oer sibben en de ynwenners fan it doarp. Somstiden mei grutte hilariteit en faaks op in toan fan meilibjen. Want elken ien ken ommers elkenien. Eltse wike om `e selde oere en tiid komme wy byelkoar en it ferhaal giet dan gewoan fierder. As waard er troch in Brimse stutsen komt de hùsgenoat oerein. "Mar dat is myn glêzen each! Der ha ik al tiden om socht!" seit er ferheard. Ta grut fertriet moat it bern de knikker ôfstean. It each wurd wer fakkundich te plak set, wer it heard. In glêzen each kin moai wêze mar it binne gjin bosters. We hawwe it er noch altyd oer..."Beppe," seit de beppesizzer; "ik ha san moaie knikker fûn. Mei ik dy hâlde?"
De tiid sil it leare

Wy witte hast alles fan elkoar; wa bern hat en wa net. Wa `t skieden is en wer in freon hat. We mije lestige underwurpen sa as jildsaken want der sit noch al ferskaat under it ploechje.
Twa hawwe krekt in elektryske fyts kocht. Hoeden wurde dy efter yn de tùn set, it is ommers rôversguod? De iene hat er twa slotten op en de oare in grutte.ketting.
Efter oan stiet yn it skaad in rollater.
Myn skoeter stiet yn`t hok en kin noch krekt de rollater sjen. Se knypeagje nei elkoar en sizze sùntsjes: "We komme beide wer`t wy wêze moatte."
It petear giet letter oer wichtere saken sa as literatuer.
"Wa lêst er noch in boek?" freget er ien.
Ferskate lju lêze noch boeken. Ik hâld my wyslik stil want ik ha ommers myn tidenhawwetiden.nl.
Ik fiel my skuldich: ik moat mear literêr wurde.
Efkes letter ferdwine de elektryske fytsen.
Wa komt no fierder yn it libben? De elektryske fyts, de skoeter, de rollater as de literatuer?
De tiid sil it leare ...
Ensaid
Sa wie er yn ùs doarp in oplieding foar kûpeuze joen troch de Ensaid Moadefakskoale.
Aukje, learares ùt it selde doarp, soe ùs bybringe hoe wy diplomearre naaisters wurde koenen. Nei in pear jier moasten wy eksamen dwaan yn Utert.
Al ier en betiid stienen wy op it perron fan Akkrum, dea senuweftich. Ik hie foar dizze wichtige dei nije pantys kocht want 'de earste yndruk is trochslaand, tocht ik.
Ien foar ien waarden we foar de eksamenkommisje roppen. Ik moast ùtlizze hoe ik in mantelpakje ynelkoar sette soe. Mar omdat ik de Nederlânske taal net goed machtich wie seach ik dat se gauris de wynbrauwen omheech lutsen en it leitsjen net litte koenen.
Mar ik slagge mei glâns en gluorje, tank sy myn Fryske taal.
Fanne moarn lies ik de rouadvertinsje fan Aukje. It binne dierbre oantinkens.
Ensaid ...
Gemeentehûs

"Waar is het stadhuis , mevrouw?" freget in âlder echtpear my.
Ik rin dr bylâns en wiis op it gebouw neist my.
Efkes letter freget in man; "Waar kan ik hier parkeren? Ik moet naar het gemeentehuis maar weet niet waar ik moet zijn."
Wêrom is it gemeentehûs fan it Hearrenfean sa untfynber? Wy hawwe in prachtige gebou -Crackstate- mar der is yn de rin fan de tiid fan alles oanbreide.
Men rekket der fan yn `e tizen. De gemeente fan it Hearrenfean timmert graach oan de wei en wol as Sportstêd oer de hiele wrâld bekend weze. Soene wy net sichtberder wêze moatte tichte by hûs?
It is ùteinlik is 'it hûs fan ùs allegearre'. Eartiids wie it dùdlik; der stie dan mei grutte letters op "Gemeentehuis".
Ik moat mar yn `t tsjinst fan de gemeente de lju te wurd stean en ferhelje hoe `n moaie gemeente wy hawwe. (..)
Moetings
"Ik koe dy der daliks ùt." seit er.
Ik sjoch him opservearjend oan. Dan ynienen werken ik him; wy wiene eartiids buorren. Yn myn herrinnerings is dat wol iuwen allyn. Ûnder it petear giet de tiid as in film oan myn each foarby.
Sy wennen boppe in âlde sjerpfabryk dy allang net mear yn wurking wie.
"Wilt u nog even napraten?" freget de betsjinster. Ta myn ferbjustering sjoch ik dat elkenien fuort is en de famylje al nei hûs. De kofje is kâld wurden en de kreakeling leit ferlern neist it pantsje ...
"Dêrom mocht ùs mem sa graach nei begraffenissen gean.", betink ik my. As it net te tragysk wie moete se minsken fan lang ferlyn.
Moetings ...
Hingâlderen
Midden yn it sintrum fan `e stêd bliuw ik stean; de accu is leech. "Wat nò?" freegje ik my ôf. It swit brekt my oan alle kanten ùt. It ding is te lomp en te lôch om oan kant te setten.
Dan komme er in pear manlju -al op jierren- by my stean. "Dat dogge wy wol efkes, frou!" En foar dat ik it troch ha stiet myn skoeter oan `e kant fan `e dyk.
Der sitte in klofke manlju by elkoar elk op in skoetmobyl.
"Ek in kop kofje, frou?" ropt er ien en al gau wurd er romte makke.
"Komme jimme hjir elke moarn?" freegje ik.
"Ja fansels." klinkt it ùt ien mûle; "Wy binne de 'Hingâlderen'. Wy hawwe allegearre in skoetmobyl en sa ha wy in club oprjochte. Wolle jo er ek by? Der hat him noch gjin ien frouspersoan oanmeld en dat soene wy graach wolle."
Foar dat ik it yn `e smizen ha sit ik yn`t bestjûr. "Hoefolle is de kontribùsje en ha wy ek in reiske sa no en dan? Ik bedoel mei al dy skoetmobyls moatte wy dan ek in eskorte hawwe?" Al gau bin ik oan it organisearren en de datum wurd fêst steld.
De frou fan in grut warenhûs komt mei kofje. "Liket it jo wat om lit te wurden?" freegje ik har; "Dan binne we teminste tegearre as froulju."
"Nè hear," seit se; "ik bin noch net âld en ik ha ek net in skoetmobyl."
Ik wurd wekker. Spitich... ik hie graach lid wurde wollen fan de club fan 'Hingâlderen'.
Ylùzje
Ùt de fierte stiet hy al te weauwen en ik swaai ùtbundich werom. In neef fan myn manskant komt sa no en dan es oer. En dan ha wy altyd in tige slagge dei en fine dan ek fan alles ùt.
Sa as nei it Frysk Museum en it âlde diel fan de stêd Ljouwert besjen. Dea wurrich falle wy dan op in terras del en mei in bak kofje beprate wat wy sa al sjoen hawwe.
Juster ha wy in stikje Tsjerkepaad dien.
Earst nei de kapel yn Haskerdiken. Aebele Trijsburg eksposeare dêr, in noch jonge keunstner. Hy neamd it sels Mimetische Keunst.
Hy seit er sels fan; "De ylùzje is it belangrykste. We werkenne de ôfbieldingen en tinke wat it foarstelle moat. Mar sjogge nèt dat it oars is wat wy tinke."
Lokkich hie ik ùs neef mei, mei keunst moast net by my wêze ...
Dernei nei de Meniste Tsjerke op It Fean dy krekt allyn klear kaam is nei in grûnige restauraasje. Ek der hiene se in tentoanstelling fan skilderijen en foto`s makke troch eigen leden. Mei leafde en soarch gearstald. Gastfrij waarden wy ûnthelle mei kofje en ùtlis oer gebouwen en restauraasje.
Ik wiuw him nei oant de trein ùt it sicht is.
Ylùzje?
Nè. Dizze freonskip is écht ...
De nije tiid
Ik wachtsje op de bus nei Drachten. Hy is wat te let mar ik ha de tiid. It jout my de romte om wat om my hinne te sjen.
Kloften jongelui steane te wachtsjen om nei Oerol te gean. Frysk wurd der net sprutsen, mear Yngelsk sa te hearren. Grutte musykinstruminten wurde meitôge.
Nei dat ik in plak fûn ha yn de bus oersjoch ik de reizgers. It binne allegearre jongelju. Se studearje yn Grins, tink ik.
Se hawwe musykdopkes yn de earen en in smartfone yn `e hân. De fingers fleane oer it skermke, de measten dogge in spultsje. Se libje net yn de no-tiid mar binne yn oarloch mei virtuele fijannen.
Wer is de tiid bleun dat de lju allinnich mar oan it skiljen wienen en der Stilte Kûpees komme moasten?
Ik moat ùtstappe. In bûtenlânske swarte man mei flechtsjes yn it hier seit; "Gaat het, mevrouw?" en helpt my kûlant by it ùtstappen.
De oaren rinne hastich oan my foarby as bestie ik net mear. De dopkes noch yn de earen en de telefoantsjes yn `e hân.
De nije tiid... myn foaroardielings moatte yngeant op 'e helling.
"It giet dy goed, jonge." sis ik en jou him de hân.
Elkoar nedich
Max en ik sitte by de fèdokter, de wachtromte is grotfol.
Grutte en lytse hûnen lizze mekoar opservearjend oan te sjen. In knyn krûpt djip wei yn de tas fan syn frou. Der neist sit in kat mei ùtstutsen neils klear om ta te slaan.
In grutte man neist my hat in lyts hûntsje yn syn binnenbûse. De man hat it dreech; it hûntsje moat ôfmakke wurde, it is misfoarme. Ik jou him in bûsdoek en ha mear begrutsjen mei de man as mei it hûntsje.
In ôfgryselike grutte hûn wurd troch de Biste Ambulânse nei binnen brocht; hy is oanriden.
In man stiet by de baalje en moat ôfrekkenje. Der ûntstiet wat argewaasje want de man kin net betelje, de assitinte treft in regeling. In jonkje komt skruten nei foaren mei in Roek mei ien poat.
It komt my foar as bard hjir mear illinde as op it nijs.
Max syn namme wurd roppen. Sûnder eangst stapt hy op de fèdokter ôf.
"Wat zijn de klachten?" freget se him. "Hy kriget oerhalen." antwurdzje ik; "En allinnich yn `e nacht as hy pisje moat." "Het is een oude man. Dat komt vaker voor bij oude honden." seit se. "Ik geef hem een pilletje voor de nacht. Daar wordt hij slaperig van."
Wat moat in minske sûnder bist en in bist sûnder minske? betink ik my.
Hja hawwe elkoar nedich, tink ik ...
Memmetaal

Ik stean foar de baalje fan in bank. Ik wol ek mei dizze bank ynternet bankierje kinne. Mei in oare bank doch ik it al hiel lang dus moat it by dizze ek kinne.
Ik sit op in komfortabele bank om my hinne te sjen. Alles is oranje, sels de baaljefroulje hawwe oranje horloazjes. Ien hat sels in oranje earbeltsje.
In bûtelânske man besiket yn in fremde taal jild oer te meitsjen nei syn dochter. Earst wurd er ien meiwurker by helle. Efkes letter in twadde. Op it lêst wurd de direkteur er by roppen. Ik hoopje dat ik noch lang net oan beurt bin: dit wurd spannend .
Dan bin ik oan bar. "Ik wol ynternetbankierje." sis ik. "Ik versta u niet." seit se. "Helje mar ien op dy Frysk kin." sis ik.
Sa stean wy tegearre foar de baalje. De Egyptenaar en ik. De iene kin gjin Frysk en de oare gjin Egyptysk. We knypeagje nei elkoar en hâlde beide fol.
Efkes letter steane wy bûtendoar en jouwe mekoar de hân. "De groeten aan uw dochter." sis ik noch.
Der komt in earm omheech.
De reade bûsdoek
Oprjochte skamte
Oprjochte skamte