Mem dochs

It reint ast spield. Wy drave hurd nei de supermarkt. By de grutte glêzen skodoarren stiet in jong famke mei de strjitte krante. Dweil trochwiet stiet se te wachtsjen op immen dy in krante fan har keapje wol.

Mar se stove allegearre by har lâns. Se sjogge har net iens as wolle har net sjen. Elts is mei syn eigen ding dwaande.

Ek wy geane hastich by har lâns. ‘Dat biddeljen ek altyd.’ tink ik by mysels.

Mar dochs fiel ik my altyd skuldich as ik mei myn winkelwein fol boadskippen by har lâns rin.

De soan en ik slaan fan alles yn, de karre rekket aardich fol. Efkes letter komme wy mei in ôfladen karre wer by it famke lâns.

‘Krant kopen?’ freget se yn in fremd dialekt. It wetter rint yntyd by har lea del. Mei in skean each sjoch ik dat soan har in brifke tastoppet.

‘Wêrom dochst dat?’ freegje ik foarsichtich.

Ik sjoch efterom en sjoch in man op it famke takommen. Se prate efkes meielkoar en dan leget se de bûse.

‘Der giet dyn jild.’ sis ik.  

‘Mem dochs,’ seit er; ‘sjoch es yn de karre. Wy hawwe it dochs poer bêst.’

‘Ja jonge, do hast gelyk.’ en ik skamje my …

LÊS EK:  De Rival
  • Hier worden prijscatalogi en advertentieblaadjes doorverkocht.
    Ook ik loop dus snel door.

    Maar soms koop ik een lekker broodje en geef dat weg om op te eten.

    Vriendelijke groet,

  • >