Rûte 21

We moatte de oanwizigen mar folgje.” sis ik tsjin myn man.

We binne yn it sikehûs en moatte nei de ôfdieling Geriatrie Âlderein Specialisme. Mar der gean jo net samar hinne. It sikehûs is mei syn tiid mei gong. Jo moatte jo earst oanmelde yn de hal. Der steane fjouwer grutte pylders. En dan moatte jo je riidbewiis as ID-kaart yn triuwe.

Sa sein sa dien. Myn man lit soks altyd oan my oer. Ik bin it ferstân en hy is de dwaander, dat is altyd sa west.

Wy folgje rûte 21 sa as it op it papier oanjoen is. Mar it is oars as oars; en werkinne de omjouwing net. “Hast it wol goed lêzen?” freget er mei lichte yrritaasje. We nimme in suster yn `e earm en dy bringt ùs nei in prachtige wachtromte. “Krekt klear .” seit se grutsk.

In echtpear sit tsjin oer ùs en al gau witte wy fan elkoar wert wy hikke en tein binne. De iene nei de oare wurdt oproppen. “Hja koene ùs wol fergetten weze.” seit er.

Ik klamp in oare suster oan en nei dat ik ùtlein ha wert wy hinne moatte bringt se ùs te plak. De spesialist foar de Geriatrie Âlderein Specialisme stiet al op ùs te wachtsjen. “Waar was u?” seit se wat stroef. Ik sis; ” Wy folgen rûte 21.” 

“Het is al een half jaar route 77. U bent niet goed op de hoogte van de veranderingen hier.” andert se.

“It binne oare rûtes wurden.” sis ik; “Leit it no oan ùs as oan it spesialisme?

Rûte 77. Tss.

3 Comments on “Rûte 21

  1. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Rûte 21 | ensafh

  2. Ik loop nu ook door het ziekenhuis te dwalen.

    Ik hoop wel dat de diagnose en behandeling goed zijn ….

    Vriendelijke groet,

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien