Werom- en foarùtsjen

Min wol hjir graach witte hoe de minsken de Corona-tiid troch kaam binne. En derom hawwe se in gearkomste belein yn it tehûs want praat efternei hat net ien wat oan. En sa sitte wy op in moarn oardel meter fan elkoar ôf yn de seal. Kofje en koeke is er genoch want foar de geselligheid [Lês mear »]

Berêsting

De telefoan giet. In entûsjaste stim ropt; “Moast bûten sjen! Ik stean nei dy te swaaien!” Op in bankje fierderop sit in frommeske en besiket kontakt mei my te krijen. It kabinet hat besluten om de maatregels te ferlingjen oan’t achtentweintich april . De reaksjes fan de bewenners binne ferskilllend. In freondinne sei; “Dat haal ik [Lês mear »]

Diskusearjearje Wat wol men noch mear?

Wolsto foar ús in jûn fersoargje mei dyn webside ferhaaltsjes?” freget de foarsitter. “Soe hun dat wat ynteressearje?” sis ik. “Sykje mar wat út,” seit se; “do kinst de tahearders wol.“ En der wringt by my de skoech. It is in mingd selskip. En dan noch; welke ferhaaltsjes komme der foar yn oanmerking? Dagen bin [Lês mear »]

Fatsoenlikens

S Sûnt in wike rin ik mei twa ynswachtele fuotten rûn , en ek noch  trije lagen wynsels. “Jo hawwe opsette fuotten,” sei de dokter; “dat is net goed.” Gefolch is dat gjin skoech mear past, sels myn man syn trouskuon passe net mear en dát seit wat. Eltsenien is ynt spier om foar my geskikt [Lês mear »]

Kringloopwinkel

Giest mei?” freget se oan mij; “Der is in hiele grutte kringloopwinkel yn Drachten kaam.” Se wit wol dat ik in swak ha foar dat soart winkels, foar in bytsje sinten kin jo as jo wolle jo hûs ynrjochtsje.  Dûbelteard yn har autootsje komme wy oan, grutte tassen mei twa rollators wurde der ùt set. [Lês mear »]

Mobiele Mondzorg

Prachtich net?” sis ik tsjin myn man; “No hoech ik net mear nei myn eigen toskedokter, in doarp fierderop.”

Omdat ik juster de ferlieding net werstean koe om nùtsjes te iten, bruts er in kies ôf.

En do seach ik dy auto stean, mei grutte letters stie er op:

‘Gespecialiseerd in mondzorg voor ouderen.
Wij komen bij u thuis.’

“No,” sis ik; “we hawwe de kapper, de pedikuere en no de toskedokter oan hûs. Wat wol min noch meer?”

Ik begjin de keamer rom te meitsjen want dat minske moat earmslach ha en romte foar har apparatuer, betink ik my.

En sa sitte wy dagen yn in keale keamer te wachtsjen op de ridende toskedokter.

Mar nei in protte skiljen en mailen fan myn kant noch hieltyd gjin Mobiele Mondzorg. Al trije wike rin ik no mei in stikkene kies en doar myn mûle net iepen te dwaan as te laitsjen.

Nei it safolste besykjen skilje ik myn eigen toskedokter en doch skrutend myn ferhaal. “Kom maar meteen.” seit er.

En sa bin ik wer by myn eigen betroude toskedokter telâne kaam dy elke kies as tosk fan my wol dreame kin.

Gjin pine mûle mear en it ynterieur stiet er wer kreas by.

Mobiele Mondzorg. Ja, ja.

Read more

Geane jo ek nei it feest?

Geane jo ek nei it feest?” freget se wylts se it iten op tafel set. Yn it ramt fan ‘Kulturele Haadstêd fan Europa‘ binne er yn ferskate doarpen yn Fryslân grutte festiviteiten hâlden. “Sille jo ek it doarp yn?” freget se noch es. “Ik bin in minne rinner en plak om te sitten sil er wol [Lês mear »]

Ferfarre

Wy sille ferfarre.” sei myn pake dan. Hja wennen oan in opfeart, sy neamden dy ‘de Wyk’. Pake wie turfmakker en beppe sutele mei de koer. Se hiene it net sa rom mar dat wie wenstich yn de tritiger jierren. Ferfarre, dat wie do destiids mei de pream. Dy lei dan foar de wal en [Lês mear »]

Minke

Sykjend geane har fingers oer de tafel. It getik fan de neils op it tafelsblêd jouwe argewaasje. ‘Oan wat oars tinke.’ hâld ik my sels foar. Ik sjoch nei bûten, de lju rinne stadichoan nei hun ôfspraken yn it sikenhûs. It is in einleaze stream dy de hiele dei troch gean sil. Taksjes, rollaters en [Lês mear »]

>