Ferfarre
Wy sille ferfarre.” sei myn pake dan. Hja wennen oan in opfeart, sy neamden dy ‘de Wyk’.
Pake wie turfmakker en beppe sutele mei de koer. Se hiene it net sa rom mar dat wie wenstich yn de tritiger jierren.
Ferfarre, dat wie do destiids mei de pream. Dy lei dan foar de wal en sa waard er fan alles yntôge, oant de hinnen ta. Somstiden gongen se mar in pear meter fierderop. It hong fan de mildens fan boer ôf hoe lang se der lizze mochten.
As bern ha wy der in prachtige tyd hân; aaisykje, sletsje springe en swimme yn de opfeart. It gong hun nea te gek. It binne dierbre oantingkens wurden.
Ek wy sille ferfarre (yn dit gefal ferhûzje). Net troch ‘de Wyk’ as mei de pream mar mei in ofisjele ferhûsauto.
Wat moat mei en wat net? Myn man hat er muoite mei en wol alles mei nimme.
Ik nèt, ik moat werom tinke oan dy pream .
Ferfarre…
2.502
Sa as de natoer sich fernijd, fernijje jim ek. It komt wol goed.
Ferhuzje it is net myn hobby….
Sokken binne der mear. Jim moatte jim bêst mar dwaan en it bêste der fan meitsje. En op syn tiid in kopke kofje en útpuffe en foaral gjin rûzje meitsje soe ús mem wol sizze. (en folle fuortsmite, dan kin je moai even te winkeljen om wat nijs).