Geane jo ek nei it feest?

Geane jo ek nei it feest?” freget se wylts se it iten op tafel set.

Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd fan Europa binne er yn ferskate doarpen yn Fryslân grutte festiviteiten hâlden.

“Sille jo ek it doarp yn?” freget se noch es. “Ik bin in minne rinner en plak om te sitten sil er wol net wêze.” sis ik.

“Nò, dan freegje jo dochs jo beppesizzers gesellich om mei te gean?” “Dy ha ik net.” sis ik.

“Mar dochs wol soanen, net?” freget se. “Ja,” sis ik; “mar dy wenje en wurkje om ùtens.”

“Nò, dan gean de skoandochters dochs mei? Dan kinne jimme ek noch op in terraske sitte..” “Dy ha ik net.” sis ik.

“Nò, dan mar op de fyts. Dan bin jo sels baas.” seit se. “Ik ha gjin fyts.” sis ik .

“Nò, dan gean ik wol mei.” seit se leaf.

En sa geane wy tegearre op wei nei it :  Kulturele Feest: fan dizze iuw.

4 Comments on “Geane jo ek nei it feest?

  1. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Geane jo ek nei it feest? | ensafh

  2. Coopersburg yn Akkrum bliuwt ek moai. Nije eveneminten komt der al wer oan. Wat tinke jo fan de Midsimmertwirre no sneon yn Aldeboarn http://www.paulusfolkertsma.nl/ En hawwe jimme de fonteinenrûte mei jimme selfies al dien? Der is fan alles te dwaan. We hawwe it der mar drok mei.

  3. Ik sil sjen , jo binne Boarnster, as net der moat jo hinne. Paulus Fokertsma ha ik hiel goed kinnen. Ik sjoch him noch rinnen troch it doarp in aardiche rêstige man. In man mei in soart talinten , we hawwe him in bytsje under skat spitich.

  4. Krekt as myn man syn pake Sjouke de Zee, skriuwer en dichter . Sokke minsken binne yn de rin fan de tiid gau fergetten. Mar lokkich hat it doarp Jirnsum him ner fergetten , der is in grutte tentoanstelling west oer syn libben.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien