Werom- en foarùtsjen

troch Posted on 1 Comment 1 min read 491 views

Min wol hjir graach witte hoe de minsken de Corona-tiid troch kaam binne. En derom hawwe se in gearkomste belein yn it tehûs want praat efternei hat net ien wat oan.

En sa sitte wy op in moarn oardel meter fan elkoar ôf yn de seal.

Kofje en koeke is er genoch want foar de geselligheid moat dat er by.

We wurde yn groepkes ferdield, en foar eltse groep is er ien dy `t de petearen stjûre moat. En dat sil nedich weze want eltse bewenner hat it wer oars belibbe.

It is foar de direktrise net makkelik om de gearkomst yn alle rêst te lieden.

Myn buorfrou besiket er hieltyd tusken te kommen, mar se is dôf en sjocht min. In oar âld wyfke ropt mei lûde stimme; 'Jimme prate te lang, ik wol ek wat sizze!'

Ik besykje wat posityfs te sizzen mar kom er net troch hinne.

Sa sjogge jo mar wer dat it nedich is om de lju prate te litten oer hoe sy de Corona-tiid ûnderfûn hawwe. Foarùt sjen en hoopje dat it nèt werom komt, der binne wy it meielkoar oer iens,

Elts giet wer nei syn eigen hûs want it waarme iten stiet al op tafel.

Werom- en foarùtsjen... Ek as jo benei hûnderd binne?

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
1 Comment
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

Elske

Goed oppasse, foarsichtich wêze en de maatregels yn acht nimme as it firus yn it gebou is, hear. Mar leuk is it net.
Wy moatte mar kreatyf wêze en wat betinke om it mei elkoar leuk te hâlden. ik bin mei myn dreamreis op papier oan de gong.

Previous
Min moat dochs sjonge kinne?

1
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x