In miening

In miening hawwe, der giet it tsjinwurdich om. Jo binne der foar as der tsjin. Der foar, dan kin jo in protte meistanners ferwachtsje. Mar der tsjin, dan moat jo bewaking organisearje. Wat is dat dochs hjoed-de-dei? We hawwe dochs yn de wet stean; “Frijheid fan mienings ùterings” mids jo der net immen mei skramje. [Lês mear »]

It moat wenne…

It moat wenne, dat is wis.

Ik mis myn buorlju. We hawwe mear as tweintich jier neist elkoar wenne.

Allegearre jonge minsken, wy wiene de âldste bewenners.

We hawwe mei elkoar lake en mei elkoar  gûld. As ien fertriet hie, wist de oare der fan.

As immen yn ferwachting wie libbe de hiele buert yn spanning  en telden wy mei elkoar de dagen .

Ferhûzje; elkenien holp mei, elk op syn eigen wize. Op hûnen passe der koe altyd wol ien by.

Ferskate bestellingen fan PostNL leine yn `e gong opsteapele, somstiden koene wy der amper lâns.

Mar we wiene der foar elkoar. Wat hiel bysûnder is hjoeddeis wert de buorlju mekoar net mear kenne.

It moat wenne…

Read more

Vivaldi

Under de klanken fan de Vier Jaargetijden fan Vivaldi jout myn buorfrou tusken troch lûdop ferslach, as wie se fan de NOS. Prachtige bylden fan de stêd Venetië gean op in enoarm skerm oan ùs eagen foarby. Grutte gebouwen en enoarme brêgen beheerskje it byld fan de stêd. As de jaargetijden oer ùs hollen dwarrelje ferhellet [Lês mear »]

It paad bjuster

Fertwivele sjocht se om har hinne. Wer soe se weze?  Wy hawwe nije buorren krige. Hiel aardige minsken sa te sjen. Hy hat altyd yn de bou sitten en kin er in soart oer ferhelje. Sy is in grutte rizige frou, it moat eartiids in kreas jongfaam west hawwe. Mar se is bytiden har sels net [Lês mear »]

Emosjoneel

Ik kom efkes ôfskie fan jo nimmen” seit se; “Ik bin er trije wike net. Ik fyn dat jo dat witte moatte.” Sûnt ùs ferhuzing hat sy my holpen mei de brij fan paperassen. Neat wie ha te folle en gjin fraach wie har te stom. Se is altyd bliid en op skik. We hawwe [Lês mear »]

Tsjerk

It is waarm, we hawwe de doarren tsjin elkoar iepen om mar in fleuchje sigen op te heinen. “Ik bin Tsjerk.” seit er en lûkt in stoel oan. “Kom er by.” sis ik mar dat is in oerstallige opmerking. Hy sit al de rollater deunoan. “Ik kom ùt Aldebiltsyl, sjoch. ik bin in Biltker.” “Befalt [Lês mear »]

Ferwachtings

Jo witte pas as er wat bard yn jo libben wat jo oan de minsken om jo hinne hawwe. As it falt jo fan immen wert jo it krekt fan ferwachten tsjin. Jo betinke fan alles om it foar har as him op te nimmen. ‘Se sille wol mei fekânsje weze’, sis ik tsjin mysels. [Lês mear »]

Tolerânsje

Wolle jo efkes wat oan `e kant gean?” freegje ik de man dy mei twa rollators it paad blokkearet. Hy sjocht lilk efterom en docht krekt as ik net bestean. Ik ha in oare scootmobiel oanskaffe, myn âlde wie al moannen stikken. Osa bliid bin ik er mei. Jimme  sille wol sizze dat ik net [Lês mear »]

Geane jo ek nei it feest?

Geane jo ek nei it feest?” freget se wylts se it iten op tafel set. Yn it ramt fan ‘Kulturele Haadstêd fan Europa‘ binne er yn ferskate doarpen yn Fryslân grutte festiviteiten hâlden. “Sille jo ek it doarp yn?” freget se noch es. “Ik bin in minne rinner en plak om te sitten sil er wol [Lês mear »]

Mienskipsjild

Mei ik wol neist jo sitte?” freget se en lûkt in stoel derby. De rollator wurdt neist har set. “Ha jo noch net san ding?” seit se. “Hja hawwe hjirre allegearre san apparaat. Dy jinge dy dat ùtfûn hat moat wol stjonkend ryk wurden wêze.” seit se snuvend. “In pracht utfining.” sis ik. Hoe ha [Lês mear »]

>