Emosjoneel
Ik kom efkes ôfskie fan jo nimmen” seit se; “Ik bin er trije wike net. Ik fyn dat jo dat witte moatte.”
Sûnt ùs ferhuzing hat sy my holpen mei de brij fan paperassen. Neat wie ha te folle en gjin fraach wie har te stom. Se is altyd bliid en op skik.
We hawwe in bân krigen.
Dat hawwe jo somstiden mei minsken. En it is net te ferklearjen. It is net in gefoel fan sympatyk wêzen, as graach meien.
It giet djipper; de sielen reitsje mekoar. Sûnder wurden begrypt de oare wat jo bedoele.
“Moaie fakânsje.” sis ik mar ik mien it net want ik kin har ommers net misse.
Mei in tùt op beide wangen nimme wy ôfskie.
Werom bin ik no sa emosjoneel?
1.986
Category:
Minsken