Minsken

In miening

trochPosted on 2 Comments1min read924 views
Foto troch Echo Grid fan Unsplash
In miening hawwe, der giet it tsjinwurdich om.

Jo binne der foar as der tsjin. Der foar, dan kin jo in protte meistanners ferwachtsje.

Mar der tsjin, dan moat jo bewaking organisearje.

Wat is dat dochs hjoed-de-dei?

We hawwe dochs yn de wet stean; "Frijheid fan mienings ùterings" mids jo der net immen mei skramje.

Wêrom moatte wy allegearre it selde tinke?

We sitte allegearre yn in oare situaasje, sa as it libben it ùs brocht hat.

Dreech as komfertabel, it kin sa mar barre.

Mar dochs om in oar syn miening te dielen, kinne jo heechst begryp toane.

Mar hâld fêst oan dy sels, hâld dy net stil, kom er foar ùt, wat it ek wêze mei.

Mar ha wol in earlike miening en lit dy net yntimidearje as oer dy hinne waltse.

It is dyn miening.

It moat wenne...

trochPosted on 6 Comments1min read1371 views

It moat wenne, dat is wis.

Ik mis myn buorlju. We hawwe mear as tweintich jier neist elkoar wenne.

Allegearre jonge minsken, wy wiene de âldste bewenners.

We hawwe mei elkoar lake en mei elkoar  gûld. As ien fertriet hie, wist de oare der fan.

As immen yn ferwachting wie libbe de hiele buert yn spanning  en telden wy mei elkoar de dagen .

Ferhûzje; elkenien holp mei, elk op syn eigen wize. Op hûnen passe der koe altyd wol ien by.

Ferskate bestellingen fan PostNL leine yn `e gong opsteapele, somstiden koene wy der amper lâns.

Mar we wiene der foar elkoar. Wat hiel bysûnder is hjoeddeis wert de buorlju mekoar net mear kenne.

It moat wenne...

Vivaldi

trochPosted on 2 Comments1min read888 views
Foto troch Lo Ken fan Unsplash
Under de klanken fan de Vier Jaargetijden fan Vivaldi jout myn buorfrou tusken troch lûdop ferslach, as wie se fan de NOS.

Prachtige bylden fan de stêd Venetië gean op in enoarm skerm oan ùs eagen foarby. Grutte gebouwen en enoarme brêgen beheerskje it byld fan de stêd.

As de jaargetijden oer ùs hollen dwarrelje ferhellet de man oer it libben fan de priester, komponist en fiolist Vivaldi.

Wylts der wer in prachtige hege brêge foarby komt seit se;

"As dy mar net nei ûnderen dondert. Dat is krekt fanne wike noch bard, mei in hiel soart deaden."

De sprekker is undertusken by Vivaldi as priester oankaam en ferhellet fierder oer it libben fan de man.

Heallûd flustert se;

"Soe hy syn hannen wol thús hâlden hawwe?"

Betsjuttings fol sjocht se my oan.

Ik gean oerein, sykje in plakje efteroan en lit de Jaargetijden as maitydsdrippen op my del falle.

It paad bjuster

trochPosted on 2 Comments1min read951 views
Foto troch Marc A. Sporys fan Unsplash
Fertwivele sjocht se om har hinne. Wer soe se weze? 

Wy hawwe nije buorren krige. Hiel aardige minsken sa te sjen.

Hy hat altyd yn de bou sitten en kin er in soart oer ferhelje. Sy is in grutte rizige frou, it moat eartiids in kreas jongfaam west hawwe.

Mar se is bytiden har sels net mear.

Dan feroaret se ynienen yn in oar wezen. Se wurdt opslach in oare persoanlikheid  se kriget in swiere stimme as hie se de burd yn de kiel.

Mei uneindich soart geduld en sefte wurdsjes besiket hy syn eigen frou werom te krijen.

Ik kom har tsjin yn de lange gong, se rint fier rjocht op, sûnder stok as rollater .

"Sille we nei hûs ta?" freegje ik en jou har in earm.

"Graach," seit se; "as it mar nei hûs is."

It paad bjuster.

Emosjoneel

trochPosted on 1 Comment1min read1069 views
(fotograaf ûnbekend | photographer unknown)
Ik kom efkes ôfskie fan jo nimmen" seit se; "Ik bin er trije wike net. Ik fyn dat jo dat witte moatte."

Sûnt ùs ferhuzing hat sy my holpen mei de brij fan paperassen. Neat wie ha te folle en gjin fraach wie har te stom. Se is altyd bliid en op skik.

We hawwe in bân krigen.

Dat hawwe jo somstiden mei minsken. En it is net te ferklearjen. It is net in gefoel fan sympatyk wêzen, as graach meien.

It giet djipper; de sielen reitsje mekoar. Sûnder wurden begrypt de oare wat jo bedoele.

"Moaie fakânsje." sis ik mar ik mien it net want ik kin har ommers net misse.

Mei in tùt op beide wangen nimme wy ôfskie.

Werom bin ik no sa emosjoneel?

Tsjerk

trochPosted on 1 Comment1min read1108 views
Foto troch Makhmutova Dina fan Unsplash
It is waarm, we hawwe de doarren tsjin elkoar iepen om mar in fleuchje sigen op te heinen.

"Ik bin Tsjerk." seit er en lûkt in stoel oan.

"Kom er by." sis ik mar dat is in oerstallige opmerking. Hy sit al de rollater deunoan.

"Ik kom ùt Aldebiltsyl, sjoch. ik bin in Biltker."

"Befalt it hjir wat?" freegje ik. Mar hy heard my net en giet fierder.

"Ik ha altyd harmoanika spile." seit er, syn ljochtblauwe staar eagen begjinne te glânzjen.

"Spylje jo noch?" freget de soan.

"Nè," seit er; "it ding is my te swier op 'e knibbels en myn fingers binne krebintich wurden."

Ynienen springt Stientsje by him op 'e skoat -wat sy nea docht-.

Tsjerk feroaret op slach en triuwt de kat hurdhandich by him wei.

"Myn freondinne hat ek in kat. In mûnster." seit er.

En sûnder wat te sizzen giet er oerein en ferdwynt yn de lange donkere gong.

Tsjerk...

Ferwachtings

trochPosted on 1 Comment1min read1153 views
Foto troch Flavio Amiel fan Unsplash
Jo witte pas as er wat bard yn jo libben wat jo oan de minsken om jo hinne hawwe.

As it falt jo fan immen wert jo it krekt fan ferwachten tsjin. Jo betinke fan alles om it foar har as him op te nimmen.

'Se sille wol mei fekânsje weze', sis ik tsjin mysels. As se witte it noch net, dat kin ek fansels.

Sa rin ik wol gauris nei de brievebus en taast yn in lege romte.

'Begryst dat no?' sis ik tsjin myn man; 'Soene se it wol witte? Wy hawwe dochs gjin unienichheid?' 

Ik fiel my skuldich. Ha wy se wol op 'e hichte brocht ?

En sa rin ik dagen tsjin my sels te orearjen, en wurd dan hoe langer en mear teloarsteld yn de lju om my hinne.

Mar dan ynienen streame de kaarten en mailtsjes binnen. Moaie boeketten wurde oerhandige mei waarme teksten erop.

Der wurd ik no bliid fan. Fan minsken dy meilibje en it ek blike litte.

Ferwachtings.

Tolerânsje

trochPosted on 4 Comments2min read1337 views
Image: Shopmobility.ie
Wolle jo efkes wat oan `e kant gean?" freegje ik de man dy mei twa rollators it paad blokkearet.

Hy sjocht lilk efterom en docht krekt as ik net bestean.

Ik ha in oare scootmobiel oanskaffe, myn âlde wie al moannen stikken. Osa bliid bin ik er mei. Jimme  sille wol sizze dat ik net in bytsje oan it oerdriuwen bin. Mar as it jo ienige mogelik is om fan it hiem te kommen, dan binne jo oerâl bliid mei.

Ferhûzje en in nije omjouwing, wert jo ek noch osa oan wenne moatte... dan wolle jo graach fan it ste.

Yntusken ha ik yn de lange gong einliks in plakje fûn foar myn ferfiermiddel. Mar kin ik der wol by stean, freegje ik my sels ôf. Der stiet al in scooter, ien fan grutformaat. De man fan de twa rollators komt er by stean.

"Wa binne jo?" freget er; "Ik bin Tolsma." en stekt de hân ùt.

Nei dat ik my bekend makke ha skowt er de beide rollators demonstratyf tsjin myn scootmobyl oan. "Dy dingen hearre hjir net." sei er minachtsjend; "Dit is in hûs foar âlde minsken mei oanpaste weinen en rollators en der hearre jo noch net by."

"Tosma! Tolsma!" ropt er ien; "Wie der wat?"

Neist ùs komt in oesa foars frommeske stean. Fan har blykt de grutte scooter te wezen. "Ne hear." seit er en draait him ôm.

"Kom mar neist my stean. Dat kin best." seit se. Oeren letter kom ik thus en ha ik der in freondinne by.

Tolerânsje.

Geane jo ek nei it feest?

trochPosted on 3 Comments1min read1196 views

Geane jo ek nei it feest?" freget se wylts se it iten op tafel set.

Yn it ramt fan 'Kulturele Haadstêd fan Europa' binne er yn ferskate doarpen yn Fryslân grutte festiviteiten hâlden.

"Sille jo ek it doarp yn?" freget se noch es. "Ik bin in minne rinner en plak om te sitten sil er wol net wêze." sis ik.

"Nò, dan freegje jo dochs jo beppesizzers gesellich om mei te gean?" "Dy ha ik net." sis ik.

"Mar dochs wol soanen, net?" freget se. "Ja," sis ik; "mar dy wenje en wurkje om ùtens."

"Nò, dan gean de skoandochters dochs mei? Dan kinne jimme ek noch op in terraske sitte.." "Dy ha ik net." sis ik.

"Nò, dan mar op de fyts. Dan bin jo sels baas." seit se. "Ik ha gjin fyts." sis ik .

"Nò, dan gean ik wol mei." seit se leaf.

En sa geane wy tegearre op wei nei it :  Kulturele Feest: fan dizze iuw.

Mienskipsjild

trochPosted on 1 Comment1min read1288 views
Foto troch rawpixel fan Unsplash
Mei ik wol neist jo sitte?" freget se en lûkt in stoel derby. De rollator wurdt neist har set.

"Ha jo noch net san ding?" seit se. "Hja hawwe hjirre allegearre san apparaat. Dy jinge dy dat ùtfûn hat moat wol stjonkend ryk wurden wêze." seit se snuvend.

"In pracht utfining." sis ik. Hoe ha se dat eartiids hân? Do kamen se de doar net mear ùt en wiene de âlde minsken oerlevere oan buorren en tsjerke.

"Ik ha de gemeente frege as ik ek in scootmobyl lease kin." seit se; "It regear wol dochs dat wy sa lang mooglik mobyl bliuwe. Se hawwe west om te sjen as it wol echt nedich wie."

"Mar ik bin in olfert west." seit se; "Ik bear har kofje oan en rûn fansels hin en wer. Yn tiid frege se my it himd fan`t gat. As ik ek in spaarrekkening hie en wat myn ynkommen wie. Ik begong my wat ûngemaklik te fielen. Soe sy wol ien fan de gemeente wêze?"

It frommiske giet oerein. "We moatte mar es in eintsje rinne." seit se.

It giet nèt troch. Ik rin te goed ...

Mienskipsjild.