Ungerêst

“Mem wit nèt wat in earmoede der is.” seit er. In soan fan ùs docht frijwillegerswurk by in soart as kringloopwinkel. Se steane ier en betiid al yn de rigele. It rekket him, hear ik wol. Dit hat hy nea witten. Ik stean yn in supermerk en dy hat altiid in hoeke mei spul wat oer datem [Lês mear »]

In Miening

In bekinde Nederlander sei yn in ynterview; “Se hawwe allegearre in miening oer my. De iene fynt my geweldich en de oare fynt my in lul.“ In waarman sei; “Se fine my hiel sympatyk salang it moai waar is. Komt it oars ùt dan bin ik in fint fan neat.“ Wat is dat dochs dat wy sûnder [Lês mear »]

Sunichheid

“Wat is it hjir gleon!” rop ik en sjoch op de termostaat. “It is nèt te leauwen. Dy stiet op 27! Wa hat oan dat apparaat sitten?!“ rop ik. “Ik.” seit er; “It wie hjir sa kâld.” Troch dat hy de lêste tiid klomsk wurden is jout hy dat ding sa no en dan in raam. En altiid krèkt as [Lês mear »]

7.7 prosint

“Binne wy gelokkich?” Er is ûndersiik dien ûnder de Nederlanders oer lokkich wezen. En 7.7 prosint fan de befolking seit dat hy gelokkich is. Hja hawwe betrouwen yn it regear en hawwe in protte kontakten. It hat my oan it tinken set. As jo de media leauwe moatte dan is er altiid in protte argewaasje [Lês mear »]

Op `t skik

“Meitsje jimme mar klear. Ik kom er oan.”  Femylje, freonen en goed kunde: set mar fêst kofje, dizze frou komt er oan. It is yn oarder kaam. Dit minske hat taksjeferfier krige. It frommeske liet juster witte dat nei lang hiel lang berie it mar heve moast. Ik seach har yn myn gedachten sitten om [Lês mear »]

Lilk

De telefoan giet. It frommeske seit dat sy fan de WMO is. It giet oer it taksjeferfier. Se leit ùt dat sy in probleem hat. “Sis it mar.” sis ik noch fleurich. Want mei sokke minsken kin jo better in borrel as sûpe drinke. Ùs gemeente hat ek lêst fan de resesje. En nò moat rûnom [Lês mear »]

Finzenis

“D’r moatte trije tichthùzen ticht.” sei de minister. Wer ûnder Feanhùzen. Dat brocht my werom nei in foarfal fan eartiids. Wy hiene do in kabaretploechje. Sa wie der ek in boer by. Hy koe geweldich moppen en grappen fertelle. Oeral gong hy hinne yn Fryslân. Hy hoechde mar op it podium stean te gean as [Lês mear »]

Hoe wolle jo it hawwe?

“Hoe wolle jo it hawwe?” freget se. Ik sit midden yn de keamer op in kruk. In grut kleed ûnder my en noch in gruttere om my hinne. Se kin begjinne. Nei dat ik myn pols brutsen hie en de earm yn it gips bin ik ta dizze lùkse oergong. Sa kaam er ek in pedikuere [Lês mear »]

Podiumgast

Sa nò en dan ha de Menisten in podiumgast yn de Fermanje. Ien dy mei de foargonger de tsjinst fersoarget. Dizze kear wie it de wethâlder fan Sosjale Saken. De hiele tsjinst stie yn it teken fan omsjen nei elkoar. Nei oanlieding fan Matteüs 25: 1-25  de gelikenissen fan de tsien fammen en de talinten. [Lês mear »]

Ynteraksje

Ik bin ùtnoege troch in lêzer fan myn webside. En sa mei ik fertelle oer myn aventoeren op it web. As alle handelingen foarby binne dy hearre by in gearkomste  mei ik oan it wurd. It is in âlderein ploech dat ik lis earst ùt wat in webside ynhâld. Lokkich bin er in pear minsken [Lês mear »]

>