Hoe wolle jo it hawwe?

“Hoe wolle jo it hawwe?” freget se.

Ik sit midden yn de keamer op in kruk. In grut kleed ûnder my en noch in gruttere om my hinne. Se kin begjinne.

Nei dat ik myn pols brutsen hie en de earm yn it gips bin ik ta dizze lùkse oergong. Sa kaam er ek in pedikuere lâns. Nei in pear kear hoeve dat om my net mear.

Eltse kear kamen er ferwiten dat ik myn fuotten better fersoargje moast. Ik waard letterlik op it matsje roppen. Al gau siet se yn de keuken om te reagjen as wie se op eigen terrein. En dan èk noch knap prizich. Dat moast mar ophâlde. Mei in protte gekke meneuvels en kaprioalen doch ik it nò sels.

“Hoe wolle jo it hawwe?” seit se elke kear oerstallich. “Hoe giet it mei man en bern?” freegje ik dan op myn beurt.

En sa giet it petear altiid oer de deistiche dingen. We binne eigen rekke mei har.

Se hat er yn tiid twa klanten by; de man en de soan. Om har knipperij as om har sjarmes, der bin ik noch nèt achter …

One Comment on “Hoe wolle jo it hawwe?

  1. Pingback: Tiden hawwe tiden | Wolkom op Wokke's Plak

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien