Minsken
Misledige
“Ik kom om myn medisinen.” sis ik tsjin de aptekeresse. De gebrûklike fragen wurde steld. “Wat is jo bertedatum, postkode en hûsnûmer?“ Ik kom hjir al fiiftich jier mar noch leauwe se my net. Ik begryp it wol hear. Jo hawwe hjoeddedei sok fremd folk omrinnen. Mar mei wat minskekennis sjoche jo dochs sawol dat ik … Read more
Ferkâlden
Jo snokke nochal wat.’ sis ik, ‘Binne jo ferkâlden?’ ‘Ja,’ seit se, se is hast net te ferstean. De sjauffeur fan myn taksy hat it goed te pakken. It is al let yn’e neimiddei as se my ophellet. ‘Hawwe jo hûnen?’ freget se. ‘Ja,’ sis ik, ‘wy ha noch ien. De oare hûn is spitigernôch … Read more
Tien
Yn ùs strjitte hinget in grut spandoek. Mei foarse letters stiet er op: De Bèste Buur. Tien is ferkeazen as de bèste buorman fan Fryslân. We binne as buorlju osa grutsk op him. It binne hurde wurkers, frou en dochters dogge like hurd mei. Op alle merken stean se mei hun loempia`s. Moarns ier en betiid oant … Read more
Ôfslute
Noch efkes, dan kinne wy dit jier ôfslute. Sa as elk jier mei goeie foarnimmens. Ophâlde mei ynslype gewoantes. Yn it foarste plak komt it smoken wer oan bod en dan it gewicht. Mar ek sei immen; “Ik wol faker nei ùs mem. Dy ha ik ferwaarleaze.” Der wie ek immen dy woe wat mear mei syn … Read more
Folle Lok en Seine
Op de doarmatte lizze al wer ferskate kryst- en nijierskaarten. It binne minsken dy `t ùs achter op de kalender hawwe. Ek hândich foar as jo roukaarten ferstjûre moatte. Jier ùt jier yn binne it de selde lju mei wolmiende winsken. Guon hawwe troch de tiid hinne de bern er by wei litten. Der binne … Read more
Ds. Hasperskoalle
Der moatte sân skoalgebouen sloopt wurde stie sneon yn de Ljouwerter: Grou, Akkrum, Warten en Jirnsum. Oan de Hasperskoalle ha ik noch goeie oantinkens. Doe, destiids, gong ik nei de hushâldskoalle mar dy hie gjin eigen gebou. De lessen waarden ferdield op ferskate lokaasjes. Sa as it Waaggebou, de Ulo en de Ds. Hasperskoalle. Allegearre yn … Read more