Jan

troch Posted on 1 Comment 1 min read 198 views

singleTusken de kryst- en nijierswinsken leit in aansicht fan Jan. Hy wennet in pear hûzen fjirder. Hy is wat oars as oars. Koart om ‘e hoeke en gau oanbaant.

In skoft allyn kaam er in buske foar de doar. “Us buorren sille ferfarre.” sis ik tsjin myn man. Mar wat my opfalt; Jan is der nèt by. De ferhuzers tôgje ôf en oan en sy jout dùdlik opdracht.

Middeis is it stil om it hûs.

Sy wie in bisteminske. Wol fjouer katten en wit hoefolle kninen befolken it hiem en hûs fan de buorren. It is stil op ‘e buert wurden. De bisten binne mei ferhuze nei de nije leafde. En Jan? Dy is feroare. Sa nò en dan prate wy in pypfol wat noait foarkaam.

Hy begjint it hiem op te romjen en hat de muzyk net sa lûd mear oan. Wy krije in moaie krystfoto fan beammen dy yn de moarnsdize steane. De sinnestrielen pykje der tusken troch.  Soe dat op syn eigen libben slaan?

Jan, sukses mei dyn nije bestean. Ik gun it dij fan herte.

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
gédé
Guest
gédé

moai…

Previous
Ôfslute

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien