Needopfang

haha“Smoke jo ek?” freget de man achter my.

Ik stean foar de kassa fan in supermerk. It is drok om dizze tiid. Ik hie wat letter komme moatten, betink ik my. De man achter my herhellet syn fraach. “Smoke jo ek ?”

Hoe sa?” freegje ik. “As ik moarns fan bed kom is myn earste in sigaret. Foar dat ik tee set moat ik earst in pafke ha.

Dus jo hawwe it omraak te pakken.” sis ik.

De frou achter him begjint har der mei te bemuoien. Se is dùdlik syn wiif. “Hy moat it ha op medyske grûnen.” seit se.

O.” sis ik; “Kin dat èk?” “Ja sjoch, oars kin hy moarns nèt efterùt.”

Ik ha es fjouer dagen yn it sikehûs lein en de hele boel wie ferstoppe.” seit er; “Ik wie sa gau net thus as alles koe wer syn gewoane trochgong fine. Wy hawwe der es in spesjalist  nei frege en dy sei; ‘Jo koene der wol es gelyk oan hawwe.‘ En no nimme wy tenei earst in pafke en dan in kopke tee en hawwe neane de boel mear ferstoppe.”

Hoe folle rollen huskepapier moat jo hawwe?” freget de kassjère; “As is it foar ‘needopfang’?”

Diele mei:

3 Comments on “Needopfang

  1. Ach… dan maar noodopvang.
    Ik was zelf net van plan te beginnen met roken, als goed voornemen.
    Maar daar zie ik na het lezen van jouw verhaal maar vanaf.

    • Soe it kinne dat de man tefreden is en it thus noflik fynt? En dan komt de rest fansels wol..

  2. Veel mensen hebben toiletgang problemen in een vreemde omgeving.
    Maar als je daar geen last van hebt is het natuurlijk een grappig (slap) excuus om te blijven roken.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien