Misledige

cougar“Ik kom om myn medisinen.” sis ik tsjin de aptekeresse. De gebrûklike fragen wurde steld. “Wat is jo bertedatum, postkode en hûsnûmer?

Ik kom hjir al fiiftich jier mar noch leauwe se my net. Ik begryp it wol hear. Jo hawwe hjoeddedei sok fremd folk omrinnen. Mar mei wat minskekennis sjoche jo dochs sawol dat ik gjin gebrûker bin?

Mar dy famkes sjogge allinne mar nei it skerm. En de klant dy der achter stiet, dat is net sa wichtich. Nei wat oerlis mei de kollega kry ik de medisinen mei. “Doch ek mar in doaze aspiryntsjes der by. sis ik. 

Achter my oan komt de soan en seit; “Mei ik ek san doaze?” “Jo frou hat it al mei naam.” seit se. “Wat bedoele jo?” seit er.

Ik hear oan syn lûd der broeit wat. Se werhellet; “Jo frou hat it al mei krigen.

Dan seit er mei in ùtset lûd; “Dat is myn mem, hear. Wy skele op de kop ôf tritich jier.” 

It frommeske kryt in fjûr reade holle en kin net mear ùt de wurden komme. “Kom mei,” seit er nitelich; “hoe komt dat mins derby? Mem! Myn frou!

Misledige mompelt hy noch: “Mem. Myn frou.   Tsss.”

Mar wat Berlesconi kin as Rob de Nijs… wêrom ik dan nèt?

Diele mei:

5 Comments on “Misledige

    • Wat prachtige foto`s fan loften en bisten. En dan noch moaie ferslaggen fan wat er deis allegearre bard.

  1. Jimme soan hat de genen fan syn heit dus…it is net earlik;-))

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien