Jo snokke nochal wat.’ sis ik, ‘Binne jo ferkâlden?’
‘Ja,’ seit se, se is hast net te ferstean. De sjauffeur fan myn taksy hat it goed te pakken. It is al let yn’e neimiddei as se my ophellet.
‘Hawwe jo hûnen?’ freget se.
‘Ja,’ sis ik, ‘wy ha noch ien. De oare hûn is spitigernôch krekt stoan.’
Ynienen begjint se te gûlen en seit: ‘Ik bin net ferkâlden, mar ik ha fertriet.’
‘Wat is er oan’e hân?’ freegje ik. It is tsjuster yn de taksje en de sfear wurdt fertroulik.
‘Wy ha fiif hûnen, fan grut nei lyts. De âldste is in grouwe swarte, in hiele leave hûn. Sit gjin kwea by. En krekt dy hat yn de kop biten fan in puppy fan seis wiken. Ik sjoch it noch foar my. It ear en in each hongen derby. De bistedokter hat oeren oan it hechtsjen west.’
‘En hoe is it no?’ freegje ik.
De bistedokter hat sein: ‘Hy rêdt it wol.’
‘Dat is dochs goed nijs!’
‘Wolle jo de foto’s sjen?‘ freget se.
Tusken de papieren de foto’s fan it hûntsje foar it ljocht. Al in skofke stiet de taksy foar de doar, mar de sjauffeur hat gjin haast mear.
‘En hoe is it mei de dieder?’ freegje ik noch.
‘O, dy mei bliuwe. Dat is in skat.’
Se is ynienen net mear ferkâlden en giet ûnderweis nei in oar folgjend ear.
En nu heb je bij je 3 geweldige fans het reageren maar uitgezet om besmetting te voorkomen?
Ik weet ‘t niet, Appelfrommes, maar volgens mij is dat een reactie.
ik bin ek fan!
Dat is leaf,no ha ik er fjouwer.