Hawwe jimme ek wol es immen moete mei wa it fuortendaliks klikte? Sis mar in ûnbekend minske dy jo noch nea earder tsjinkommen binne?
Dat oerkaam my. Doe ik jierren lyn trouwde, fûn ik de famylje fan myn man o sa frjemd.
Lang is dat sa bleaun. It sil him ek wol oan my lein hawwe. Ik wie tige ûnwis en wist my faaks gjin hâlding te jaan. Ik woe it sa goed dwaan dat elkenien my aardich fûn. Sa dat de famylje my in geskikte oanwinst fûn.
No ja, sa wurket soks net fansels.
Mar der wie ien muoike by dy sei: “Wolkom hear. Ik bin hiel bliid dat ik dy kinnen leard ha.”
It waard in libbenslange freonskip. Geregeldwei kaam ik by har en dan fertelden wy mekoar alles. We hiene it oer har en myn deistige dingen. Se stie altiten mei ried en died klear. Foar myn gefoel wie sy myn skoanmem – wat sis ik? – myn mèm wurden.
Hjoed komt har soan by ùs en dan hawwe wy it noch es wiidweidich oer syn – myn – mem.
Ik mis har noch altyd, dizze muoike. It wie in minske-minske, sa as er mar ien wie en ea wêze sil…