‘Verstaat u mij?’
Verstaat u mij?” freget de grutte, rizige man neist my.
Yn it âlderein hûs weard ik wenje hawwe wy sa no en dan in foarlês middei. Dy wurdt dan fersoarge troch de ynwenners sels, de gearkomsten wurde goed besocht.
Al hoe wol de gelûdsapparatuer wol es wat te winsken oer lit, want net elkenien wit er mei om te gean. En it hearren en sjen is er by de measten lju net op foarút gong.
“Verstaat u mij?” seit myn buorman noch es. “Ik ferstean jo wol, hear.” sis ik.
“Maar ik ú niet.” hâldt hy fol en giet yn it echte Jordaansk-Amsterdamsk fierder.
“Nim mij net kwealik,” sis ik, “ik wol jo net kwetse.” en gean oer yn it Hollânsk.
Under it foarlêzen troch fertelt hy dat syn dochter in doarp fierderop wennet. Der moast in plak foar him fûn wurde want hy koe net mear allinnich weaze. En sa is it dit âldereinhûs wurden.
Hy is ûnwennich, hy mist syn hûs en begrypt de taal net.
“Jo moatte jo ûnder de minsken jaan,” sis ik, “en Fryske berneboeken lêze.”
“Ek hawwe wy, om te begjinnen, in prachtige jeu de boules baan, en in moaie biljerttafel. En Bridge-klubkes binne d’r ek genoch. Foar elk is er wol wat.”
In pear wike letter moetsje ik him wer. “Hoe giet it mei jo?” freegje ik.
“Een stuk beter.” seit er, “Die Friezen zijn best aardig.”
“Dat wist ik wol.” sis ik… 😀
Photo by Jeff Sheldon on Unsplash
Jazeker! De Friese bloggers die ik volg zijn zeker aardig.
PS: Fijn om hier weer iets te lezen.
Vrolijke groet,
En sa is’t mar krekt! 🙂