Folle Lok en Seine

nofikOp de doarmatte lizze al wer ferskate kryst- en nijierskaarten. It binne minsken dy `t ùs  achter op de kalender hawwe. Ek hândich foar as jo roukaarten ferstjûre moatte.

Jier ùt jier yn binne it de selde lju mei wolmiende winsken. Guon hawwe troch de tiid hinne de bern er by wei litten. Der binne by wer`t jo ien kear yn`t  jier wat fan hearre. Se komme allegear yn in grutte koer te lizzen.

Allinne; ik moat wêrom stjûre, fansels. En wer`t ik in glandige hekel oan ha is it kaarten skriuwen. Hoksoart moat ik keapje en wat set ik der op?

It falt my op dat in grut part kaarten in Hollânske tekst hawwe. Wêrom net yn eigen taal? Soe dat te dreech wêze? Hja binne Friezen, prate Frysk mar skriuwe yn it Nederlânsk. As is it dan nèt ùs taal yn hert en nieren? 

Ik besykje elk jier om Fryske winskkaarten te ferstjûren. Der binne hele moaie by mei teksten sa as dizze: 

Noflike Krysttyd, en Folle Lok en Seine.

Dat komt dochs streekrjocht ùt it hert ? En dy winsk telt foar al myn lêzers.

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

10 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
keimpe

Jo hawwe hielendal gelyk fyn ik, mar jo meitsje wol in soad staveringsflaters. Net ferkeard bedoeld hjer, mar wa wit nimt men it fan jo oer en dat soe skande wêze:)

Soan D.

Tink dat dat wol meifalt, fan dy staveringsflaters. Us memmeminske makket gebruk fan kennis en minstens twa wurdboeken.

En foar it wurdsje ‘mar’ moat gjin komma en oan it ein fan een rigel heart een punt, Keimpe 😉

gédé

Frysk prate kin eltsenien dy`t frysk mei de breileppel yngetten krige hat;-)).
Mar frysk skriuwe falt net ta foar de measten en dat is tige spytich!
Dû dochst it dan dochs mar, myn wolmiene komplementen dêrfoar! Hulde!
Noflike snein!

Hendrika

Nee, skriuwe kan ik ook niet :-(. Raar eigenlijk, we kregen wel Fries lezen op de lagere school, maar niet Fries schrijven. Memmeminske, maak er weer een mooi jaar van, met veel mooie stukjes in mijn memmetaal!

Sjoerdtsje de Vries

Jo hawwe hielendal gelyk, as friezen soene wy eins fryske kaarten ferstjoere moatte. Ik fyn sels dat der net sa folle kar is mar dan elk jier mar itselde idee. Mar frysk skriuwe fansels wol. Krekt sa’t jo sizze, it is dochs in prachtige winsk, folle lok en seine. Dêr kin gjin prettige kerstdagen en gelukkig nieuwjaar tsjin op! En dat de stavering niet altyd hielendal doogt, och ús mem soe wol sizze ik helje de âlde en de nije stavering troch elkoar 🙂 Wat kin’t skele, it giet om it gefoel wat der yn sit. Ik winskje jo en… Lês mear »

Elske

Tusken it brieden fan de rollade, de stoofparren en de cranberry smots wol ik jo Noflike Krystdagen en in protte Lok en Seine yn it Nije Jier tawinskje mei it dit ferske:

Der binne goede machten om ús hinne
wy wurde treaste, en wat ek barre mei
de Hear is alle dagen, wêr’t wy binne
de Hear is mei ús elke nije dei

Dietrich Bonhoeffer