Ferfarre

“Ik wol op in flat.” seit se. We steane yn in lange rigele foar de kassa fan in tùnkerij. “Wêrom?” sis ik; “Ha jo je nocht fan de tùn?“ “Ach hearkes… al lang.” seit se; “Mar hy derbûten wol op de grûn wenjen bliuwe.” Ik sjoch in man stean mei trije sekken modder op de pakjedrager. “Hy [Lês mear »]

Hûnefleis

“Wat ite wy hjoed?” freget er. “Wit ik noch nèt.” sis ik. ‘Dy man hat it altyd oer iten‘ tink ik by mysels. Ik moat net oan iten tinke op it stuit. Ik hearde op it nijs dat yn ùs gehaktbaltsjes en hamburgers hûnefleis ferwurke wurd. De kadavers wurde yn Spanje troch in bedriuw fermealle en dan [Lês mear »]

Ferjierret

“Goeie en oant sjen, hè!” De lêste fan de besite giet de doar ùt. We hawwe it wer hân foar in jier. Ik skop de skuon ùt en sigje op in stoel del. Myn man is al yn dreamenlân. Ik sjoch it hear en fear es oer en tink; “Werom is er net ien op [Lês mear »]

Kin it as kin it nèt

“Kin it as kin it nèt?” freegje ik myn soan. Ik ha in stikje makke oer in goedkunde. Mar faaks bin ik yn twastriid: is it werkenber foar dy persoan. En de lju sizze “dit giet wis oer  Gurbe as Griet.” Minsken ha my yn de besnijing, dat is altyd al sa west. Hja boeie [Lês mear »]

Skriuwerij

“Wolsto yn ùs tsjerkeblêd skriuwe?” freget it frommeske; “Ien kear yn de moanne wurd it ùtjûn. En no ha wy tocht as redaksje der moat ek es wat deistiche teltsjes yn.“ “Jo oerfalle my hjir mei.” sis ik. “Tink er mar es oernei.” giet se fierder; “Mar we wolle it wol rillegau witte.” “Moast dwaan,” seit myn man; [Lês mear »]

Tipelwurk

“Hoe fynst it stean?” freget se hem en draait mei de holle hin en wer. Ik sit by de optisien en ha my mar del jûn. Dit kin wol es lang duorje. Wa giet no op sneontemiddei nei san winkel ta? Ik foeterje op my sels ik hie better witte moatten. Ik ha mei de man [Lês mear »]

Loslitte

Chavez, de ferstoane president fan Venezuela, sil balseme wurde. Sa kin hy foar ivich by syn folk bliuwe. “Ga je even mee?” seit myn buorfrou. Troch dat wy beide de hûnen ùtlitte fertelt se my dat se einlik in bestemming hat foar de jiske fan har ferstoane soan. Se hat op internet in ferneamde glêsblazer untdekke. En sa [Lês mear »]

Parkearperikels

“Nò moat it net gekker wurde,” seit myn freondin; “ik ha in boete krige fan njoggentich euro. En der boppe op noch sân euro fyftich foar de administraasje.“ Ferûngelyke sjocht se de kring rûn. We hawwe wer es in jierdei te fieren, sa dwaande in protte oanrin.   Sûnt begjin jannewaris binne alle strjitten om [Lês mear »]

Skoudere

“Wolst in bakje tee?” freget se. “Lit mar,” sis ik; “wy prate efkes in pyp fol.“ Unrêstich giet se wer oerrein; “Do moast dochs wàt ha?” Ùteinlik krij ik nei in protte hin en wer gerin in bakje wetter sûnder pûtsje. Ik bin by Mintsje op besite. Wy komme ùt it selde doarp. Sy wie doe achttsjen [Lês mear »]

Stuoltsjelift

“Kom er mar gau yn,” seit se; “de keardels binne krekt de doar ùt.“ “Wer hast it oer?” sis ik. “Moast mar mei komme.“ Ik rin achter har de gong yn. “Falt dy ek wat op?” Fol ferwachting sjocht se my oan. “Moast njonken dy sjen.” seit se. En dan sjoch ik dat se in stuoltsjelift [Lês mear »]

>