Tipelwurk

yawn“Hoe fynst it stean?” freget se hem en draait mei de holle hin en wer.

Ik sit by de optisien en ha my mar del jûn. Dit kin wol es lang duorje. Wa giet no op sneontemiddei nei san winkel ta? Ik foeterje op my sels ik hie better witte moatten.

Ik ha mei de man te dwaan. Syn frou kin mar net ùt ‘e rie komme. It lytse famke hat har nocht en begjint troch de saak te strunen. Har mem hat ûnderwylst al wer in oare bril opset. En elke kear freget se de man; “Hoe fynst it? Stiet it moai?

Yntyd komt er in man yn, swier behind. Hy moat ek in bril ha. Hy hellet it iene brillerek nei de oare fan ‘e muorre. Syn begeliedster sjocht dùdlik earst nei de priis en dan nei it model. De twa winkelfeinten hawwe de hannen fol. 

Ik bewûnderje hun geduld. Foar dit berop moat jo yn de widze lein wêze, betink ik my. Ik sjoch it, hear en sfear es oer en fernuverje my oer minsken hoe ûngelyk se binne. 

“Wer komme jo foar?” freget einlik de jongfeint. “Ik kom foar batterijen foar myn man syn gehoarapparaat.” sis ik; “Mar dy binne ûndertusken allegearre al leech rûn seker ? 

 De man, de frou en it famke kom ik letter wer tsjin. “Is it slagge?” freegje ik. “,” seit de man; “it wie nèt nei `t sin. Mar nò giet se mar allinnich want ik ha myn bekomst.

Minsken besjen troch in oare bril; wat kin dàt ferhelderjend wêze.

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien