Ferfarre

penthouseIk wol op in flat.” seit se. We steane yn in lange rigele foar de kassa fan in tùnkerij.

Wêrom?” sis ik; “Ha jo je nocht fan de tùn?

Ach hearkes… al lang.” seit se; “Mar hy derbûten wol op de grûn wenjen bliuwe.” Ik sjoch in man stean mei trije sekken modder op de pakjedrager. “Hy is sljocht op de tùn mar wat dwaan, hò mar.” Se snuuft en sjocht mei minachting nei de man bûten.

Se is oan bar en de rigele skowt op.

Hawwe jo ek in klantenkaart?” freget it kassafrommiske. “Ach heden; nè. Dy ha ik thùs lizzen mar lit mar sitte, wy ferfarre ynkoartens.

Mar werom al dat blomme-ark oan te skaffen?” kin ik noch krêkt freegje. “Dat is myn polityk.” seit se; “Hy kriget aanst syn nocht wol fan it fytsen. Sa meitsje ik him ryp foar in flat.

Giet it, leave?” freget se en set har oankeap op syn pakjedrager.

Ik gean nei hûs en wol èk yn in flat. Altyd dat gewrot yn dy tùn wurd my èk te folle. Mar hoe sis ik it thùs? Hy sil wol sizze; “Dan giest allinich mar. En de hûn? As dy der nachts ùt moat? Moat ik dan elke nacht mei de lift fan boppen nei ûnderen?

Eefkes letter kom ik se wer tsjin. Hy rûngear foaroer neist de fyts en sy swierich foar him ùt.

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien